Kapmelding
Binne jo fan doel om beammen of bos bûten de beboude kom te kapjen? Dan moatte jo dat melde by de provinsje. Dat stiet yn de Wet natuurbescherming. In kapmelding dogge jo op syn minst 6 wike en op syn meast 1 jier foardat jo de beammen kapje (litte) wolle.
Yn hokker situaasje moatte jo it kappen melde?
Yn de neikommende situaasjes krije jo mei de Wet natuurbescherming, ûnderdiel Houtopstannen te meitsjen:
- Wannear’t de te kappen beammen of omfallen/skansearre beammen troch bygelyks stoarm bûten de ‘beboude kom Boswet’ lizze. De gemeente stelt de grinzen fan de ‘beboude kom Boswet’ fêst. Dy grinzen kinne ôfwike fan de ‘beboude kom Verkeerswet’. By twivel kinne jo by de gemeente neifreegje wat dy grinzen binne;
- Wannear’t it oerflak fan de te kapjen beammen of omfallen/skansearre beammen troch bygelyks stoarm, grutter is as 10 are (1.000 kante meter) of wannear’t it giet om beammen yn in rigebeplanting fan 20 beammen of mear;
- Ek wannear’t jo mar in part fan ‘e beammen fan mei-inoar 10 are, of in part fan in rigebeplanting fan op syn minst 20 beammen kapje wolle of wannear’t dy beammen mar foar in part omfallen of skansearre binne.
Ferplichtings en ûntheffings
Foar de kapte beammen moatte wer beammen yn ’t plak komme. Jo binne ferplichte om op deselde lokaasje as wêr’t jo de beammen kappe hawwe, wer beammen te plantsjen. Dat hyt werplantplicht. Binnen 3 jier nei it kapjen moatte der wer beammen stean.
Lês hjir mear oer de werplantplicht
Yn guon gefallen kinne jo net wachtsje mei it kapjen of is it net mooglik om binnen trije jier (op deselde lokaasje) op ‘en nij beammen te plantsjen. Yn dy situaasjes kinne jo in ûntheffing oanfreegje.
Lês mear oer wannear’t jo de ûntheffings oanfreegje kinne
Soartebeskerming
As jo in kapmelding dogge, kin it wêze dat jo mei soartebeskerming te meitsjen krije. Tink oan regels oangeande it briedseizoen, nêsten dy’t it hiele jier troch beskerme binne en beammen dêr’t flearmûzen yn sitte.
Lês hjir mear oer soartebeskerming.
Online melde of ûntheffing oanfreegje
Jo kinne ienfâldich online de kap melde of in ûntheffing oanfreegje. Dêrfoar hawwe jo jo Digi-D, of eHerkenning niveau 2+ nedich. Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 – 292 59 25.
Kosten
As in fergunningoanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Gjin melding nedich
Yn in tal gefallen hoege jo gjin melding te dwaan by de provinsje (mooglik wol by de gemeente). Bygelyks foar it kapjen fan beammen binnen de beboude kom Boswet, of by nullebeammen fan minder as 20 jier, dy’t bedoeld binne as krystbeam. In opsomming fan alle gefallen dêr’t dat foar jildt fine jo yn de taljochting op it oanfraachformulier, dat jo ûnderoan dizze side dellade kinne. Yn guon gemeenten moatte jo dan noch wol in melding dwaan, of in fergunning by de gemeente oanfreegje.
Kapfergunning
Somtiden is der neist de kapmelding ek in kapfergunning nedich, wannear’t jo in beam kapje wolle. De gemeente jout kapfergunnings ôf. Foardat jo kapje, is it saak en freegje by de gemeente nei oft in kapfergunning in eask is. As dat sa is, dan moatte jo dy apart oanfreegje. Yn de beammeferoardering of it bestimmingsplan fan jo gemeente leit fêst foar hokker beammen sa’n fergunning needsaaklik is.
Ûntheffings
Yn in tal situaasjes kinne jo in ûntheffing oanfreegje. It giet dan om:
- Ûntheffing fan de wachtferplichting;
- Útstel fan de termyn foar de plicht om nije beammen te plantsjen;
- Ûntheffing oangeande it plantsjen fan nije beammen op in oare lokaasje.
Lês mear oer wannear’t jo dizze ûntheffings oanfreegje kinne.
Kontakt
As jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 89 95.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.