Jo wolle wurk útfiere op in plak dêr’t beskerme planten en/of bisten foarkomme of binne fan doel in kapmelding te dwaan? It kin wêze dat jo te meitsjen krije mei soartebeskerming en in ûntheffing nedich hawwe.

Tink oan regels oangeande it briedseizoen, nêsten dy’t it hiele jier troch beskerme binne en beammen dêr’t flearmûzen yn sitte. Oertrêding fan de Wet natuurbescherming wurdt as in ekonomysk delikt sjoen.

Untheffing of frijstelling

Foar in tal wurksumheden hawwe jo gjin ûntheffing nedich. Dêr kinne jo in frijstelling foar krije. It giet om wurksumheden dy’t faak foarkomme of te foarsizzen binne, lykas grienûnderhâld yn in gemeente. Dy frijstelling en de betingsten fan de frijstelling steane yn in gedrachskoade natuerbeskerming.

Lês mear oer hokker soarten beskerme binne en wannear’t jo in ûntheffing nedich hawwe

Briedseizoen

De nêsten fan alle fûgelsoarten binne yn it briedseizoen beskerme. In beam mei in (begjinnend) nêst deryn meie jo dêrom ek net kapje. De perioade fan it briedseizoen is ôfhinklik fan de briedperioade fan de oanbelangjende fûgel. Oer it generaal is it briedseizoen fan maart oant augustus. In tal útsûnderings dêryn binne bygelyks de goudûle en de roek. Neist dat harren nêst it hiele jier troch beskerme is, begjinne sy al yn jannewaris/febrewaris mei it bouwen fan in nêst.

Nêsten dy’t it hiele jier troch beskerme binne

Fan in tal fûgelsoarten binne de nêsten it hiele jier troch beskerme, ek as de fûgels net by de nêstplakken oanwêzich binne. Beammen mei dêryn in nêst dat it hiele jier troch beskerme is, bygelyks fan roeken, goudûlen en mûzebiters, meie net sûnder ûntheffing kappe wurde. Ek beammen dy’t tichteby in nêst steane dat it hiele jier troch beskerme wurdt, moatte faak stean bliuwe om de beskutting en feilichheid fan it nêst te garandearjen. As der nêsten yn de beammen oantroffen wurde, moat der ekologysk ûndersyk útfierd wurde troch in ûnôfhinklik ekologysk advysburo.

Flearmûzen

Beammen mei holten, skuorren of in lossittende bast kinne troch flearmûzen as fêst rêst- en ferbliuwplak brûkt wurde. Dy ferbliuwplakken binne ûnder de Wet natuurbescherming beskerme. By it dwaan fan in kapmelding moatte jo mei doel ekologysk ûndersyk útfiere litte. Dêrneist folgje flearmûzen, om harren te oriïntearjen lânskipseleminten yn de foarm fan linen lykas rigen beammen. As in beammerige in flearmûsferbliuwplak ferbynt mei in gebiet dêr’t flearmûzen iten sykje, dan kin it kapjen mooglik yn striid mei de Wet natuurbescherming wêze.

Oare bistesoarten

Neist boppeneamde beskerme natuerwearden kinne beammen, houtwâlen en strûken ek noch in wichtige funksje hawwe as fêst rêst- en ferbliuwplak of itensboarne foar ûlen, iikhoarntsjes, beamotters, dassen en ynsekten. Dassen krije yn febrewaris, soms sels al yn jannewaris, in nêst jongen yn harren kreamboarch. As dat ferdwynt troch it kapjen, is dat in oertrêding fan de Wet natuurbescherming.

Ekologysk ûndersyk

As jo troch de Wet natuurbescherming ferplichte wurde mei doel ekologysk ûndersyk útfiere te litten troch in saakkundich ekolooch, dan moat dat útfierd wurde troch in ûnôfhinklik ekologysk advysburo. Op de webside fan Netwerk Groene Bureaus(eksterne link) kinne jo ferskate ekologyske advysburo’s fine. As jo ûndersyk útfiere litten hawwe, moat dat troch it foechhawwend gesach kontrolearre wurde. Ek moatte de ferlerne ferbliuwplakken en nêstplakken kompensearre wurde. It nimmen fan dy maatregels is sa docht yn de praktyk bliken meastal mooglik.

Mochten jo dêr fragen oer hawwe, nim dan kontakt op mei Team Griene Regeljouwing. Dat kin fia 058 – 292 89 95 of fia wnb@fryslan.frl.