Mear witte oer it kapjen fan beammen en de werplantplicht?
Bosken binne wichtich foar it fuortbestean fan plante- en bistesoarten, rekreaasje en houtproduksje. Der libje in protte soarten planten en bisten yn ‘e bosk. Dêrby helpe bosken om it kwantum koaldiokside yn ‘e loft te ferminderjen.
Yn Nederlân wurdt bosk beskerme troch de Wet Natuurbescherming, ûnderdiel Houtopstanden. Dêryn stiet dat minsken dy’t bosk kapje wolle, dat melde moatte by de provinsje Fryslân. Dy kin in kapferbod oplizze. Mei der wol kappe wurde, dan moatte der ek nije beammen oanplante wurde. Bosken meitsje faak diel út fan de Ekologyske Haadstruktuer (EHS).
De Wet Natuurbescherming, ûnderdiel Houtopstannen, jildt foar bosk, mar ek foar oare ‘houtopstannen’, lykas bygelyks houtwâlen en elzesingels. Jo hawwe mei de Wet Natuurbescherming, ûnderdiel Houtopstannen, te krijen as:
- de houtopstân bûten de 'bebouwde kom Boswet' leit;
- de fegetaasje grutter as 10 are (1.000 kante meter) is of as it giet om beammen yn in rigebeplanting fan 20 beammen of mear.
- Ek as jo in part fan in houtopstân fan 10 are, of in rigebeplanting fan op syn minst 20 beammen, kapje wolle of teneate giet, hawwe jo mei de Wet Natuurbescherming, ûnderdiel Houtopstannen, te meitsjen.
Ynformaasje oer de Kapmelding
De kapmelding fan in foarnommen kap kin troch elk, dy’t fan doel is in beam te kapjen of fuorthelje te litten, yntsjinne wurde. In kapmelding moat op syn minst 6 wike en op syn meast in jier foarôfgeand oan it kapjen yntsjinne wurde.
Kapmelding
De Wet Natuurbescherming foar houtopstannen ken gjin fergunning, wol in meldplicht en werplantplicht. Binne jo ferplichte in kapmelding te dwaan, doch dat dan op syn minst 6 wike en op syn meast 1 jier foardat jo de beammen kappe (litte) wolle. De eigener fan it perseel docht de melding, of dejinge dy’t it kap-, roei- of bouwurk útfiert.
Gjin berjocht: tastimming
Krije jo binnen 6 wike nei it yntsjinjen fan de melding gjin berjocht? Dan meie jo de beammen kapje. Doch dat binnen in jier neidat jo de kapmelding ferstjoerd hawwe. Wachtsje jo langer, dan moatte jo op ‘en nij in kapmelding dwaan. De ûntfangstbefêstiging is foar jo it bewiis dat wy de melding krigen hawwe. Binnen 3 jier nei it kapjen moatte jo nije beammen plantsje.
Gjin tastimming
As wy it kapjen net tasteane, dan melde wy dat binnen 6 wike oan de melder en de grûneigener. Wy neame altyd de reden foar it kapferbod. Binne jo it net iens mei ús beslút, dan kinne jo binnen 6 wike beswier yntsjinje. Op syn meast 6 wike nei de beswiertermyn krije jo in beslút op jo beswier.
Gjin melding nedich
De meldplicht jildt net foar:
- Houtopstannen yn de ‘beboude kom Boswet’ (ynformearje by twifel by jo gemeente);
- Houtopstannen op hiemen en yn tunen. Dêrby jildt net de kadastrale bestimming hiem, mar wurdt sjoen of it perseel sa yn gebrûk is;
- Fruchtbeammen en wynskerms om hôven;
- Spjirren fan op syn meast 12 jier âld, bedoeld as krystbeammen;
- Kweekguod;
- Beplantings lâns wegen en ienrigelige beplantings op of lâns lânbougrûn, dy’t inkeld út popelieren of wylgen besteane;
- Ûnderhâld om de groei fan it oerbliuwende grien te befoarderjen (úttinje). By twivel riede wy oan om wol in kapmelding yn te tsjinjen;
- Periodyk kapjen fan kap- of grjinthout;
- Houtopstannen fan popelieren, wylgen, esken of elzen, dy’t bedoeld binne foar de produksje fan houtige biomassa.
Dy houtopstannen moatte:
- Op syn minst ienris yn 10 jier rispe wurde;
- Bestean út op syn minst 10.000 stobben de bunder. De houtopstân moat út ien stik bestean. Se wurde net trochsnijd troch ûnbeplante stroken fan mear as 2 meter;
- Se binne nei 1 jannewaris 2013 oanlein.
Dêrby moat krekt as by kaphout en grjint in 1ste kap wol meld wurde.
Mooglik hawwe jo yn boppesteande gefallen wol mei oare wetten of (gemeentlike) feroarderings te krijen. Kontrolearje dat by jo gemeente.
Kapfergunning
Somtiden is der, neist de kapmelding foar de Wet Natuurbescherming, ek in kapfergunning nedich. De gemeente jout kapfergunnings ôf. Foardat jo kapje, is it saak en freegje by de gemeente nei oft in kapfergunning in eask is. As dat sa is, dan moatte jo dy apart oanfreegje. Yn de beammeferoardering fan jo gemeente leit fêst foar hokker beammen sa’n fergunning needsaaklik is.
Werplantplicht
Foar de kapte beammen moatte wer beammen yn ’t plak komme. Jo binne ferplichte om nije beammen te plantsjen. Dat hjit werplantplicht. Dat dogge jo binnen 3 jier nei de kap fan de beammen. Foar it werplantsjen jilde in tal regels:
- Der moatte binnen 3 jier nei it kapjen nije beammen wêze. Dat kin troch se oan te plantsjen of troch natuerlike ferjonging.
- It werplantsjen wurdt op deselde grûn dien as wêr’t de beammen kappe binne en op itselde oerflak.
- It werplantsjen moat bosboukundich ferantwurde barre.
Ûntheffings
Der binne situaasjes dêr’t jo in ûntheffing foar oanfreegje kinne.
Ûntheffing wachtferplichting
Yn guon gefallen kinne jo net wachtsje mei it kapjen oant de 6 wike wachttiid om is. Dat kin bygelyks wêze as it troch sykte of stoarmskea gefaarlik is om te wachtsjen mei kapjen. Yn dat gefal kinne jo, tagelyk mei it yntsjinjen fan de kapmelding, ûntheffing fan de wachttiid oanfreegje.
Ûntheffing fan de werplantplichttermyn
Yn guon situaasjes is it net mooglik om binnen 3 jier nije beammen te plantsjen. Jo kinne dan útstel fan de werplantplicht oanfreegje as dêrfoar in jildige reden is. Dy ûntheffing moat binnen 2 jier nei it kapjen oanfrege wurde. Dy ûntheffing kin oanfrege wurde as der:
- sprake is fan houtopstannen fan nullebeammen, dy’t nei houtopstannen fan leafbeammen troch de wei fan natuerlike ferjonging omfoarme wurde;
- grutte, ûnferwachte wyldskea ûntstien is, wêrby’t sprake is fan genoch werbeplanting of natuerlike ferjonging;
- sprake is fan de útfiering fan grutskalige projekten, wêrby’t yn reedlikens net ferwachte wurde kin dat binnen de termyn fan 3 jier nei it kapjen fan de houtopstân de werplant op deselde grûn dien wurdt.
Ûntheffing foar werplantplicht op in oare lokaasje
Somtiden jout it werplantsjen op it perseel dêr’t de kapte beam stie, problemen. Yn dy situaasjes kinne jo tastimming freegje om it werplantsjen op in oar plak te dwaan. Kompensaasje wurdt allinne takend as bliken docht dat de kapte beam net ûnder de útsûnderingen fan kêst 6.7 fan de feroardering Wet Natuurbescherming Fryslân 2017 falle. Dat binne:
- Beammen dy’t yn it provinsjaal of gemeentlik belied fêstlein binne as eleminten mei wichtige ekologyske, lânskiplike en/of kultuerhistoaryske wearden;
- As dêrtroch it oerflak fan in boskearn lytser wurdt;
- As dêrtroch de ynstânhâldingsdoelstellings fan Natura 2000-gebieten, dêr’t de beam yn stie, efterút gean kinne of in dúdlik fersteurjend effekt him foardocht.
As der yn it bestimmingsplan fan de gemeente regels steane, dy’t it werplantsjen op in oare lokaasje net mooglik meitsje, dan wurdt de ûntheffing net jûn. De gemeente kin jo dêroer mear ynformaasje jaan. By it fersyk ta kompensaasje heakje jo in kadastrale en in topografyske kaart ta, dêr’t jo dúdlik op oanjouwe wêr’t jo kompensearje wolle. As de grûn dêr’t jo op kompensearje wolle net jo eigendom is, moatte jo ek in bewiis mei stjoere. Dat bewiis jout oan dat de eigener fan it yn te rjochtsjen perseel akkoart is mei it oernimmen fan de werplantplicht. Jo moatte it fersyk – mei jildige redenen – yntsjinje foardat mei it oanbelangjende wurk begûn is.
Oare regeljouwing
It hat wol eigenskip dat der yn de gemeente, dêr’t jo fan doel binne it kapjen út te fieren, in regeljouwing bestiet, dy’t it kapjen fan houtopstannen sûnder fergunning fan boargemaster en wethâlders ferbiedt. Dêrom wurdt advisearre fóár it dwaan fan in kapmelding by de provinsje earst by de gemeente te ynformearjen nei regeljouwing foar it kapjen/behâlden fan houtopstannen.
Neist de gemeentlike regeljouwing kinne ek noch oare ûnderdielen fan de Wet Natuurbescherming of oare provinsjale regelingen op it kapjen fan houtopstannen fan tapassing wêze, bygelyks foar it beskermjen fan fûgel- of plantesoarten. Jo aktiviteit mei gjin skealike effekten hawwe op de oanwêzige beskerme soarten. Jo wolle beammen kapje, mar jo sjogge dat der fûgels oan it brieden binne yn of yn ‘e buert fan de beammen. Jo meie dan net kapje. As jo wachtsje oant nei it briedseizoen dan is de kâns op skealike effekten lytser.
Begripelist
Houtopstân of Rigebeplanting
In houtopstân is in selsstannige ienheid fan beammen, beamfoarmers, strûken, kaphout, of grjint mei in oerflak fan 10 are of mear, of in rigebeplanting fan 20 beammen of mear. In dyk of in sleat ûnderbrekt de selsstannige ienheid of rigebeplanting net.
Oerflak fan in houtopstân
It oerflak moat yn aren meld wurde. 1 are is 10 by 10 meter. By houtsingels (bygelyks in elzesingel) wurdt útgien fan de lingte x 5 m (breedte). Foar houtwâlen jildt lingte x breedte fan de byhearrende beammekroanen.
By beplantings fan ien rige of beplantings lâns de dyk fermelde jo it tal te kappen beammen, de ôfstân tusken de beammen yn meters en it tal beammen mei-inoar yn de hiele rige.
Kadastrale en topografyske kaart
In topografyske kaart is in ferplichte taheakke by de kapmelding. It ûntbrekken fan dy taheakke hat as gefolch dat de melding net yn behanneling nommen wurdt.
It kapjen
It kapjen fan of it earnstich skea tabringen oan beammen, wêrtroch’t de beammen dea geane. It roeien fan beammen falt ek ûnder it kapjen.
Úttinje
Der is sprake fan úttinjen as der hjir en dêr in beam fuort helle wurdt om derfoar te soargjen dat de oerbliuwende houtopstân better groeie kin.
Kaphout en Grjint
Kaphout en Grjint binne foarmen fan bosk, wêrby’t de beammen geregeld krekt boppe de grûn ôfseage wurde en dêrnei wer útrinne en ta folweardige beammen mei meardere stammen útgroeie. Dat neamt men ôfsette. De earste kear, dat kaphout of grjint ôfset wurdt, moat wol meld wurde.
Beboude kom Boswet
De grins fan de beboude kom Boswet wurdt troch de gemeente fêststeld. Dy kin ôfwike fan de beboude kom neffens de ferkearswet, lykas dy bekend is troch de blauwe plaknammebuorden. De Wet Natuurbescherming is allinne fan tapassing bûten de beboude kom Boswet. Dêr binnen is de gemeente ferantwurdlik. By twivel kinne jo dat by de gemeente neifreegje.
Kapferbod
De provinsje Fryslân kin in kapferbod ôfjaan om derfoar te soargjen dat bysûndere bosken bewarre bliuwe. In kapferbod kin hieltyd foar op syn meast 5 jier ôfjûn wurde. By in kapferbod wurde de redenen dúdlik oanjûn. De eigener of brûker fan de grûn kriget dêrfan skriftlik berjocht.