De Waadsee is de grutste oaniensletten systeem fan sân - en modderflakten op ‘e wrâld dy 't by eb drûchfalle. De Waadsee is in net hiel djip wettergebiet mei in relatyf flakke kust. It gebiet hat tijslinken, seegers-greiden, mokselbanken, sânbanken, waad, sâltmoerassen, strannen en dunen. Der komme in grut tal plante - en bistesoarten foar, dêrûnder seesûchdieren lykas de gewoane seehûn, de grize seehûn en de brúnfisk. It is ek it briedplak en oerwinteringsgebiet foar 10 oant 12 miljoen fûgels yn it jier. It gebiet is ien fan de lêste oerbleaune grutskalige by eb drûchfallende ekosystemen dêr 't natuerlike prosessen funksjonearjen bliuwe. (www.unesco.nl(eksterne keppeling)).

Besjoch hjirûnder oan hokker programma’s en projekten wy wurkje yn relaasje ta dat gebiet, en hokker fergunningen oft oanfrege wurde kinne om yn dat gebiet komme te meien.

Waadprovinsjes uterje soargen oer gaswinning Waadsee

Mei in mienskiplike brief oan de minister fan LNV uterje de trije Waadprovinsjes Noard-Hollân, Grinslân en Fryslân harren soargen oer gaswinning yn de Waadsee (by Ternaard). En oer dêrmei it mooglike risiko fan it ferlies fan de wrâlderfguodstatus fan de Waadsee.

It wrâlderfguod Waadsee is in unyk natuergebiet, net allinnich yn Nederlân, mar ek yn de wrâld. De trije Waadprovinsjes binne harren dêrfan bewust en sy fiele harren meiferantwurdlik foar de beskerming en ûntwikkeling fan it Waadgebiet. En dêrmei ek fan it Unesco wrâlderfguod Waadsee.

Unesco hat koartlyn in saneamde State of Conservation rapport(eksterne keppeling) stjoerd nei demisjonêr minister Van der Wal (fan LNV ). Yn it rapport út Unesco har soargen oer de gaswinning yn de Waadsee (by Ternaard ).Dat hat laat ta fragen yn de Provinsjale Steaten fan de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân.Yn reaksje dêrop hawwe de trije Waadprovinsjes dizze mienskiplike brief stjoerd.

Op dit stuit is noch net dúdlik hokker Unesco-oanbefellings de minister oernimme sil. De Waadprovinsjes folgje de ûntwikkelingen om Unesco hinne sekuer. Benammen de Unesco-oprop ta in fergunningenstop foar de gaswinning is wichtich, omdat it beslút hjiroer fan ynfloed wêze kin op alle aktiviteiten yn it Waadgebiet (see en kust). Trochgean mei gaswinning kin úteinlik liede ta ferlies fan de Unesco wrâlderfguodstatus. De provinsjes Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân hechtsje oan it behâld fan dizze status.

Wrâlderfguod status

Dizze wrâlderfguod status is ynbêde yn hast alle aktiviteiten dy 't de provinsjes yn en lâns de Waadkust ûndernimme. It is ek in wichtich ferbinend elemint fan de Aginda foar it Waadgebiet 2050 en it Utfieringsprogramma 2021 -2026. Foarbylden dêrfan binne Waadfûnsprojekten, de majeure projekten fan it Investeringskader Waddengebied, it programma Eems-Dollard 2050 en it Lauwersmargebiet.