Programma Hârns
Harns wurket oan in leefbere kustsône dy't klear is foar de takomst
De gemeente Harns, provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe it Integraal Ruimtelijk Ontwikkelingsperspectief Kustzone Harlingen fêststeld. Yn dit dokumint steane de plannen foar in leefbere kustsône Harns dy't klear is foar de takomst.
Yn it Untwikkelingsperspektyf stean de wichtichste ûntwikkelings, projekten en doelen foar Harns en omjouwing. It helpt om karren te meitsjen foar de lange termyn. Ek steane der kânsrike projekten en ûndersiken yn dêr't al gau mei begûn wurde kin.

De wichtichste útkomsten op in rige:
- Noarderhavendaam
De haven fan Harns foldocht no net oan de ynternasjonale noarm foar nautyske feiligens. Der binne plannen om in part fan de Noarderhavendaam te ferlizzen en de havenmûle oan te passen. Hjirtroch ferbetteret de feiligens foar de skipfeart. Dy maatregel rekket it Natura 2000 - gebiet Waadsee. Undersocht wurdt oft de plannen kombinearre wurde kinne mei de fersterking fan de havendammen. Dizze fersterking is nedich om de stêd de kommende desennia te beskermjen tsjin it seewetter. - Suderpier en havenûntwikkeling
Troch de Suderpier te ferlingjen wurdt de Willemshaven fergrutte. Dit biedt in alternatyf foar de binnenhavens. Ek wurdt sjoen nei in bettere berikberens en ynrjochting fan de Suderpier as rekreatyf ferbliuwsgebiet. Undersocht wurdt oft dit yn kombinaasje mei de mooglike fersterking fan in part fan de Suderpier kin. Ek is dêrfoar romte yn it Natura 2000 - gebiet nedich. - Fiskmigraasje en fersilting
De Tsjerk Hiddesslûzen binne in knyppunt foar fisken, lykas iel, dy't sawol yn swiet as sâlt wetter libje. Ek streamt der fia de slûzen tefolle sâlt seewetter nei it swiete Van Harinxmakanaal. De winsk is om beide problemen oan te pakken. - Tappassing waadslib
Jierliks wurdt in soad slyk baggere út de haven fan Harns. Undersocht wurdt oft dit slib brûkt wurde kin om lânbougrûn sûner te meitsjen en te beskermjen tsjin it feroarjende klimaat. De resultaten fan dit ûndersyk wurde yn 2026 ferwachte. Tagelyk wurdt besjoen oft der in proef start wurde kin. - Onthaalplan Harns
It ferbetterjen fan de parkearfoarsjenningen draacht by oan ûnder oare it Waadtoerisme. - Natuer en ekology
Yn de plannen steane in soad kânsen om it bioferskaat (rykdom oan planten en bisten) yn de kustsône te ferbetterjen. Dit wurdt ûnder oare meinaam yn de plannen om de dyk te ferbetterjen.
De earste ideeën foar it gebiet binne al earder sammele yn in Gebietsferkenning. Sûnt begjin 2025 binne de útkomsten fierder útwurke. It Untwikkelingsperspektyf Kustzone Harlingen is it mienskiplike startpunt foar alle projekten dy't hjirnei komme.
Ferfolch
No't it Untwikkelingsperspektyf fêststeld is, sjogge de oerheden hoe't se de plannen fierder ynfolje en útfiere sille. De Noarderhavendaam is as earste oan bar. Dit projekt makket ûnderdiel út fan it Hoogwaterbeschermingsprogramma (HWBP), wêrby't de primêre wetterkearingen oan lanlike noarmen foldwaan moatte. It HWBP is in gearwurkingsferbân fan de wetterskippen en Rykswettersteat. Om de projekten dy't fuortkomme út it Untwikkelingsperspektyf betelje te kinnen, wurdt der subsydzje oanfrege by it Investeringskader Waddengebied / Waddenfonds.
Ynkoarten wurde bewenners bypraat oer de plannen op in ynformaasjegearkomste. Dy wurdt oankundige fia www.harlingen.nl/dijkstadwad en de lokale media.
Harns: Dijk, Stad, Wad
It Integraal Ruimtelijk Ontwikkelingsperspectief is in produkt fan Harns; Dijk, Stad, Wad. In gearwurking tusken gemeente Harns, provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân.
It Untwikkelingsperspektyf en oare dokuminten binne te finen op: www.harlingen.nl/dijkstadwad.