Lâns de hiele Fryske Waadkust spylje in oantal tema’s wêr’t ynwenners, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en oerheden mei oan de slach wolle. Lykas leefberens & krimp, lânbou & fersilting, wetterfeiligens & klimaat en rekreaasje & toerisme. It binne grutte tema’s dy’t in brede oanpak freegje. Der binne in protte plannen en ideeën yn ferskate fases fan ûntwikkeling. It Programma Friese Waddenkust is bedoelt om dizze en takomstige inisjativen fierder te bringen en mei inoar te ferbinen om ta in yntegrale, gebiedsrjochte ûntwikkeling te kommen.

    Doel

    It Programma Friese Waddenkust hat de folgjende doelen:

    • Ferbinen: fan ûnderop, yntegraal en yn gearhing oppakken fan de opjeften fan de Fryske Waadkust op basis fan dielde analyze fan wat der nedich is en in mienskiplike ambysje.
    • Prioriteare: dúdlikheid oer ynhâldlike opjeften en – op basis dêrfan – oer hokker ûnderwerpen en projekten sich wol en net liene foar it programma.
    • Rezjy: realiseare fan in dúdlike struktuer en ferdieling fan ferantwurdlikheden, sa’t ynwenners, ûndernimmers en organizaasjes witte wêr’t se wêze moatte mei ideeën.
    • Oanjeie, ûntwikkelje en yn útfiering bringe fan lokale en regionale ideeën, inisjativen en plannen.
    • Streamline fan jildstreamen om middelen optimaal te benutten.