IMF Akku’s foar mienskipsgebouwen

Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân hat foar de simmerfakânsje oanjûn dat der in akkuregeling komme moat. Op ‘t stuit binne wy drok dwaande mei de tarieding dêrfoar.  Fia dizze link fine jo de opdracht fan Provinsjale Steaten

Op dizze webside fine jo it lêste nijs oer dizze regeling, sadat jo alfêst witte wat jo dwaan kinne as tarieding op it dwaan fan in subsydzjeoanfraach. 

Oer it definitive plan foar de útfiering fan dizze moasje moat yn novimber noch in beslút nommen wurde troch Provinsjale Steaten, de heechste baas fan ‘e provinsje. Alles wat jo hjir lêze, kin dus noch feroarje en is ûnder foarbehâld fan dy beslútfoarming. Mar fanwegen it grutte tal fragen dat wy no al binnenkrije hawwe wy dochs alfêst ûndersteande ynformaasje foar jo op in rychje set. 

Wat is it doel fan de subsydzjeregeling “ Iepen Mienskipsfûns Akku’s foar Mienskipsfûns’? 

De provinsje Fryslân wol graach gebouwen dy't wichtich binne foar de leefberens fan Fryslân helpe mei de oanskaf fan in akku en de bykommende kosten sadat dizze gebouwen finansjeel sûn bliuwe yn ‘e takomst no't de salderingsregeling foar sinnepanielen ôfboud wurdt. 

Wat kinne wy as bestjoer no al dwaan? 

  • Foar it digitaal oanfreegjen fan ‘e subsydzje hawwe jo minimaal  eHerkenning 2+ nedich. Dy kinne jo alfêst oanfreegje. Fia dizze link lêze jo dêr mear oer. 
  • Mei in lokale ynstallateur in offertepetear planne en jo advisearje litte oer de akku dy't past by jim gebou en jim ferbrûk. De regeling giet op 2 febrewaris om 9.00 oere iepen. Dus it soe moai wêze dat jo in offerte krije kinne dy't dan noch jildich is. Mochten jo in bûtenakku pleatse moatte, dan kinne jo ek alfêst in fergunningskontrôle dwaan by jo gemeente. 
  • Keapje de akku noch net! By it Iepen Mienskipsfûns kinne jo nea subsydzje krije foar aktiviteiten dy't al útfierd binne. 
  • Eigendomynformaasje opfreegje by it kadaster. Jo meie hjir kieze foar de goedkeapste fariant. 

Wêr kin ik terjochte foar help? 

  • Fan oktober 2026 ôf kinne wy jo begeliede by de tariedingen. Hjir fine jo ús projektadviseurs
  • Fan 17 desimber 2026 ôf kinne jo in format projektplan downloade en ynfolje. Dy fine jo dan op dizze webside. 

Foar wa is dizze regeling bedoeld? 

  • De regeling is bedoeld foar bestjoeren fan mienskipsgebouwen dy't sels eigner fan in gebou binne. Dit kin ek rjocht fan opstâl of erfpacht wêze. As de gemeente of in bedriuw eigner fan it gebou is komme jo net yn oanmerking foar dizze subsydzje. 
  • By in Mienskipsgebou kinne jo tinke oan: doarpshuzen, MFC’s / MFA’s, sportakkommodaasjes, tsjerken en oare religieuze gebouwen, musea, muzykskoallen, ferieningsgebouwen en teäters fan stiftings, mar ek biblioteken dy't net fan gemeenten binne. Koart sein alle gebouwen dy't fan ferienings, stiftings  koöperaasjes en tsjerkegenoatskippen binne. Wêr't gjin winst (wol lean of fergoeding foar bygelyks in behearder) makke wurdt dy't útbetelle wurdt oan priveepersoanen. 
  • Gebouwen moatte in minimaal ferbrûk hawwe fan 3000 kWh  
  • Bestjoeren dy't in akku oanskaffe dy't nei oanskaf BES keurd wurdt troch sertifisearre karmaster (NEN 1010 / NEN 3140)

Mei hoefolle subsydzje kin ik rekken hâlde? 

  • Jo kinne rekken hâlde mei 50% subsydzje út dy regeling wei. 

Wannear wurdt de definitive regeling publisearre? 

  • De regeling wurdt 17 desimber 2026 publisearre. Hjiryn stean de krekte betingsten en wegeringsgrûnen om yn oanmerking te kommen foar de subsydzje. 

Wannear giet de regeling iepen? Wannear hawwe wy dan de subsydzje en kinne wy úteinsette mei de ynstallaasje? 

  • Jo kinne fan 2 febrewaris 2027 ôf om 9.00 oere jo oanfraach yntsjinje. De regeling giet om in op=op regeling. Binnen 13 wiken ferwachtsje wy de subsydzje, by in folsleine oanfraach en goedkarring, nei jo oer te meitsjen. Dêrnei kinne jo úteinsette mei de útfiering. 

Hokker kosten mei ik meinimme yn ‘e subsydzjeoanfraach? 

  • Jo meie fansels de oanskafkosten foar de akku sels meinimme yn ‘e oanfraach, mar ek de bykommende kosten. Dêrby kinne jo tinke oan it bouwen (oeren en boumaterialen) fan in kast of in gebou om de akku hinne. De kosten foar kabels en liedingen. By bûtenakku's de kosten foar in boufergunning, in KLIC melding en graafwurk. By it wurkjen mei frijwilligers kin ek tocht wurde oan ‘e kosten foar iten en drinken foar ûnder en nei de wurksumheden. 

Hokker ferplichtingen moat ik neikomme nei it ûntfangen fan ‘e subsydzje? 

  • Jo moatte kommunisearje dat de provinsje Fryslân fia it Iepen Mienskipsfûns jo finansjeel holpen hat. 
  • Jo brûke it logo fan ‘e provinsje Fryslân en/of dy fan it Iepen Mienskipsfûns. 
  • Jo fiere sa gau as mooglik it projekt út. Hjir hawwe jo by binnenakku's in jier de tiid foar. By bûtenakku's 3 jier.
  • As jo projekt feroaret, jouwe jo dat by ús oan. 
  • Jo bewarje de boekhâlding fan it projekt op syn minst 5 jier. 
  • Nei ôfrin pleatse jo in projektferslach op ús projektekaart.