Iepenbier ferfier Fryslân 2026

Fan 1 desimber 2025 ôf is foar in trijetal ûnderdielen subsydzje oan te freegjen op it mêd fan iepenbier ferfier. 

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

De subsydzjeregeling iepenbier ferfier Fryslân 2026 hat de folgjende ûnderdielen: 

  • Paragraaf 2.2. Subsydzjeferstrekking foar it behear fan iepenbier ferfier 
    Oanfregers: in gemeente, in gearwurkingsferbân fan gemeenten of in oare partij, al of net mei partisipaasje fan de provinsje. 
    Foar: it behear fiere oer it iepenbier ferfier (dat ûnderdiel is fan in troch Deputearre Steaten ferliende konsesje) op basis fan in oerienkomst mei Deputearre Steaten. 
     
  • Paragraaf 2.3. Subsydzjeferstrekking foar iepenbier ferfier mei de ynset fan in buertbus 
    Oanfregers: in buertbusorganisaasje of in gemeente. 
    Foar: it fersoargjen fan iepenbier ferfier troch de ynset fan in nije of besteande buertbusline. 
     
  • Paragraaf 3. Projekten ta ferbettering fan de tagonklikheid fan it iepenbier ferfier 
    Oanfreger: in Fryske gemeente. 
    Foar: it ferbetterjen fan de motoaryske of fisuele tagonklikens fan in gemeentlike bushalte yn Fryslân.

Betingsten

De oanfraachkritearia en oare nedige ynformaasje binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. 

Foar haadstik 3 (Projekten ta ferbettering fan de tagonklikheid fan it iepenbier ferfier) jildt fan 1 desimber 2025 oant en mei 31 augustus 2027 in plafond fan € 1.200.000, -. Fierder jildt ien der in maksimum subsydzjebedrach ad € 25.000 per bushalte. It oanfreegjen fan in subsydzje fan € 25.000 of mear kin oant uterlik 31 desimber 2026. 

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit? 

Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier fan 9.00 oere ôf op de iepenstellingsdatum. It digitale oanfraachformulier kinne jo, sadree't it mooglik is om subsydzje oan te freegjen, hjirûnder iepenje. 

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach (de bylagen jilde net foar ûnderdiel 2.2. – behear iepenbier ferfier. Dan moat de Konsesjeoerienkomst as taheakke derby): 

  1. eHerkenning 2+ (foar gemeente, stichtingen en ferienings) 
  2. Begrutting
  3. Projektplan
  4. In machtigingsformulier  (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge). 

Hat jo stichting, feriening of koöperaasje gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach komt dan wol op namme fan de organisaasje, mar jo binne dan de machtige. Wol moatte jo dan in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade by jo oanfraach. 

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it KCC telnr: 058 - 292 59 25 Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach. 

Mear ynformaasje 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl

De link nei it digitale formulier wurdt fan 1 desimber 2025 ôf om 9:00 aktyf sadat jo fan dat momint ôf de oanfraach yntsjinje kinne.

It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.