Takomstige ynrjochting feanpolder de Hegewarren 

Polder de Hegewarren is ien fan de ûntwikkelgebieten yn de Fryske Feangreidefisy(eksterne keppeling). In foarferkenning yn 2018 fan de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, gemeente Smellingerlân, LTO-Noord (ôfd. Smellingerlân) en in wurdfierder fan de oanbelangjende boeren liet sjen dat it nedich is om prikken yn it wurk te stellen om de feangreideproblematyk yn dizze polder op te lossen. Utgeande fan it omlizzende gebiet is it wetterpeil yn de polder leech. Dêrtroch ferdrûget natuergebiet De Alde Feanen en oksidearret it fean. Dêr komt CO2 by frij. De oksidaasje fan it fean soarget derfoar dat de grûn sakket, wêrtroch’t it wetterbehear fan de polder hieltyd mear ynvestearrings freget.
Der is ûndersocht oft in transysje fan it gebiet in oplossing biedt foar de problemen dy't der spylje. Tagelyk binne kânsen foar de polder en omkriten yn kaart brocht, bygelyks op it mêd fan bioferskaat, klimaatdoelen en toerisme. Dat barde yn oparbeidzjen mei belanghawwenden, ûnder ûnôfhinklike lieding. Dit wurdt ko-kreaasje neamd. De resultaten fan it ko-kreaasjeproses steane op de webside Takomst Hegewarren(eksterne keppeling).

Mooglike farianten presintearre

Yn juny 2021 presintearre it ko-kreaasjeteam de earste ideeën foar de takomst fan de Hegewarren. Oan bestjoerders fan de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en gemeente Smellingerlân en oan belanghawwenden waard feedback op dizze konseptfarianten frege. It ko-kreaasjeteam brûkte de reaksjes om de resultaten wêr’t dat nedich is fierder út te wurkjen en oan te skerpjen. Op 7 oktober 2021 waarden de einresultaten oan de bestjoerders oerjûn.

Yn febrewaris 2022 stelden Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân, it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân foar om de fariant ‘Iepen en Natuerlik’ fierder út te wurkjen foar de takomst fan de Hegewarren. Yn dizze fariant hawwe wetter, natuer en rekreaasje de haadrol. Yn april keazen it Algemien Bestjoer en de gemeenteried by Wetterskip Fryslân en de gemeente Smellingerlân ek foar Iepen & Natuerlik. By Provinsjale Steaten waard it beslút oanhâlden. Fia in amendemint waard frege om in bredere ûnderbouwing op in tal punten. Boppedat fine de Steaten it fan belang dat it beslút oer de Hegewarren pas nommen wurdt neidat der in beslút leit oer de farwei Drachten.

Beslútfoarming

Op 12 july 2022 is de troch PS frege bredere ûnderbouwing troch DS fêststeld. Dizze wurdt nei de Steaten stjoerd om yn de gearkomste fan 21 septimber 2022 te behanneljen(eksterne keppeling). DS makke yn juny 2022 bekend dat it kolleezje ûnfoldwaande foardielen foar in farwei troch de Hegewarren sjocht. Yn septimber is it oan PS om dêr in beslút oer te nimmen. Dêrnei behannelje sy it DS-útstel foar de Hegewarren. Foarôfgeand oan de behanneling yn Provinsjale Steaten organisearje de Steateleden mominten om mei belanghawwenden yn petear te gean. Sjoch foar mear ynformaasje dêroer yn de nijsbrief fan 14 july 2022 van gebietsproses Hegewarren(eksterne keppeling).

Op dizze pagina fine jo mear ynformaasje oer farwegen yn Fryslân, dêrûnder de farwei nei Drachten.

Kaart Alde Feanen

Hjirûnder fine jo in oersjochkaartsje fan de Alde Feanen, dêr’t it gebiet de Hegewarren yn leit. Om it gebiet de Hegewarren hinne stiet in reade line. Mocht dizze kaart foar jo net tagonklik wêze dan helpe wy jo graach op wei. Nim dêrfoar yn kantoaroeren kontakt mei ús op fia 058 – 292 59 25 of mail nei   provincie@fryslan.frl. 

Overzichtskaartje van de Alde Feanen waar het gebied de Hegewarren in ligt en rood omrand is