In better en feiliger farwegenetwurk yn Fryslân komt tichterby. De provinsje makket it Van Harinxmakanaal de kommende jierren fierder geskikt foar Klasse Va-skippen. Binnen it gebietsproses Hegewarren is ûndersocht oft it helber is om te ynvestearjen yn de farwei nei Drachten. DS en PS hawwe yntusken konkludearre dat der te min foardielen binne foar it opwurdearjen fan de farwei Drachten fia in Klasse Va trasee troch de Hegewarren. 

Farwei ’t Hearrenfean

In nije bypass foar de farwei nei It Hearrenfean is foar it kolleezje fan Deputearre Steaten op dit stuit net oan de oarder. Der is ûndersyk dien nei de mooglikheden om klasse Va-skippen (110 meter lang en 11,4 meter breed) nei It Hearrenfean farre te litten. De optimale opsje soe wêze om in bypass by Terherne oan te lizzen om beropsfeart en rekreaasjefeart fan elkoar te skieden. Mar de gemeente sjocht gjin mooglikheden om dêr finansjeel oan by te dragen.

Mei yngong fan 1 july 2021 is de ûntheffing foar klasse Va-skippen op de besteande farrûte fia Terherne stopset. In tal bedriuwen hat beswier tsjin dat beslút oantekene. De beswierekommisje hat DS yntusken advisearre yn dizze kwestje, Wat derta laat hat dat der, mei ûntheffing en ûnder strikte betingsten, wol wer klasse Va-skippen nei It Hearrenfean farre meie. 

Van Harinxmakanaal

It Van Harinxmakanaal wurdt fierder geskikt makke foar klasse Va-skippen. Dêrtroch ferbetteret de befarberens fan en de feiligens op it wetter. It kanaal kin tsjinje as omfarrûte by in opkearing op it Prinses Margrietkanaal. De provinsje sil de bochten by Frjentsjer, Langdiel en Froskepôlle ferromje. It ferfangen fan provinsjale brêgen set de provinsje de kommende jierren troch. Op de meast krappe parten fan de farwei wurde plakken ynrjochte dêr't laden Klasse Va-skippen inoar feilich passearje kinne. By brêgen wurde wacht- en lisplakken oanlein of ferfongen. In knyppunt op de rûte is de HRMK-spoarbrêge. Mooglike ferfanging fan dizze brêge troch in spoarakwadukt is ûnderwerp fan in ûndersyk. De provinsje bliuwt oer dizze brêge yn petear mei it Ryk.

Farwei Drachten

Binnen de gebietsproses Hegewarren is ûndersocht oft in farwei geskikt foar gruttere skippen nei Drachten in helbere koppelkâns is. Yn septimber 2022 hawwe Provinsjale Steaten útsprutsen dat ek sy net genôch foardielen foar dizze farwei sjogge. It gebietsproses giet wol troch, de opsje fan in beropsfarwei troch it gebiet is net langer oan de oarder.