Gebietskommisje wolf en wolvekonsulinten

Drie schapen staan naast elkaar en kijken recht in de lens. Ze staan in een weiland
Afbeelding: Alkemade

Yn Fryslân is in Gebietskommisje Wolf dy 't him dwaande hâldt mei de previnsje fan wolveskea yn Fryslân. 

De Gebietskommisje Wolf hat de folgjende taken:

  1. It frege of net-frege advisearjen fan Deputearre Steaten oer:
    a. beskermingsmaatregels foar holden lânbouhúsdieren oangeande wolven; 
    b. ( ynnovative) projekten rjochte op it foarkommen fan wolveskea;
    c. bysûndere gefallen fan wolveskea;
    d. de finansiering fan winske beskermingsmaatregels.
  2. Foarljochting jaan en kommunisearje oer previnsje fan wolveskea rjochting bistehâlders. GW fiert dizze wurksumheden selsstannich en/of yn gearspraak mei bistehâlders út.
  3. It evaluearjen fan de wurksumheden en it funksjonearjen fan de GW en it advisearjen oer de ferfolchstappen.

Yn de PPWF hawwe sitting:

  • In ûnôfhinklik foarsitter;
  • Op syn minst twa en maksimaal fjouwer leden út namme fan de profesjonele en/of hobbymjittige dierhâderij;
  • In lid út namme fan de Terreinbehearende organisaasjes (TBO`s);
  • In lid út namme fan de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG).

De Gebietskommisje Wolf is te berikken fia wolf@fryslan.frl

Nijsbrieven

Yn de nijsbrieven fan de Gebietskommisje Wolf is mear ynformaasje te finen oer de aktiviteiten en ûntwikkelings op it mêd fan skeaprevinsje en de wolf.

Nijsbrieven wolf 

Wolvekonsulinten 

Provinsje Fryslân beskikt oer twa wolvekonsulinten: Robertjan Feijen en Julia Antonissen. 

Wolvenconsulenten Robertjan en Julia staan in een groene omgeving met een mooi blauwe hemel.
Wolvekomsulinten Robertjan en Julia.

Jo kinne by de wolvekonsulint terjochte as jo fragen of soargen hawwe oer de wolf, it realisearjen fan previntive maatregels en oer de subsydzjeregeling. Jo kinne harren berikke fia wolvenconsulent@friesland.frl of fia telefoan: 

  • Robert Feijen: 06 - 30 52 83 28 (praktyske fragen oer ôffreding en subsydzjeregeling) 
  • Julia Antonissen: 06 - 18 68 84 42 (fragen oer de subsydzjeregeling & algemiene fragen) 

Advys wolfkearende maatregels 

In wichtige taak fan de wolvekonsulint is advys jaan oan bistehâlders oer mooglike wolfkearende maatregels passend by jo situaasje. Foar it treffen fan wolfkearende maatregels binne der in soad ferskillende materialen op de merk beskikber, mar net alles is like effektyf. De wolvekonsulint kin alhiel frijbliuwend mei jo meisjen en jo helpe/advisearje oer de ymplemintaasje, it ûnderhâld en oer mooglikheden foar in subsydzje. It advys fan de wolvekonsulint is fergees.

Subsydzje 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe in subsydzjegebiet wolven Fryslân fêststeld yn Noard- en Súdeast-Fryslân, dêr't de grutste kâns op wolveaktiviteit is. Binnen dat gebiet kinne bistehâlders subsydzje oanfreegje foar wolfkearende rasters. Bistehâlders kinne dêrby stipe en advys krije fan in wolvekolsulint. 

Mear ynformaasje: Subsydzjeregeling foarkomme skea troch wolven provinsje Fryslân | Fryslan