Een portretfoto van Erik Jager

Yn ús drokke deistige libben sjit it belang fan autoferljochting der gauris by yn. Sa’t Erik Jager seit: “Do stiest op it punt om de doar út te gean, hastich sikest dyn autokaaien, pakst dyn tas yn en foardatst it witst sitst efter it stjoer. It bart mar al te faak dat wy ûnbewust yn ‘e auto stappe, sûnder ek mar efkes by de steat fan ús autoferljochting stil te stean.”

Gean der net fan út dat alles gewoan wurket

Erik Jager, manager Fleetsales by autodealer en garaazje Haaima Hylkema, leit de klam op it belang fan bewuste oandacht foar dyn autoferljochting: “It is eins frjemd, wy ferjitte nea om brânstof te tanken, mar de ferljochting wurdt faak oer de holle sjoen. En dat wylst beide ûnmisber binne ast mei de auto op ‘en paad giest. Ik werhelje hieltyd wer hoe wichtich oft it is om geregeld in flugge kontrôle om dyn auto hinne te dwaan. Yn ‘e praktyk bart dat meastal allinne as dyn auto foar in APK-keuring nei de garaazje moat, ienfâldichwei omdat it sa’n gedoch liket en wy derfan útgeane dat alles gewoan wurket. Wylst autoferljochting net allinne wichtich is om oare ferkearsdielnimmers yn ’t tsjuster goed sjen te kinnen, mar ek om sels ûnder alle waarsomstannichheden goed sichtber te wêzen.”

‘’Hastich sikest dyn kaaien, fluch pakst dyn tas en foardatst it witst, sitst al efter it stjoer, sûnder ek mar efkes stil te stean by de ferljochting fan dyn auto.’’

Lampen daliks en it pear ferfange

Mar wat moatst eins dwaan ast fernimst dat dyn autoferljochting net goed wurket? “It is ferstannich om dynautoferljochting sa gau mooglik te reparearjen,” seit Erik, “it bêste is om altyd in reserveset lampepitten yn ‘e auto te hawwen. Boppedat is it essinsjeel om stikkene autolampen altyd as pear te ferfangen. Bygelyks, as de linker koplampe stikken is, ferfang dan daliks de rjochter ek. Yn ús garaazje sjogge wy nammentlik faak dat as in lampe stikken giet, de oare der al gau efteroan komt.”

De goede ôfstelling

By nijere auto’s kin it dreech, of sels ûnmooglik, wêze om de lampen sels te ferfangen. Yn dat gefal kinst altyd by dyn autogaraazje telâne. Wolst sels de lampen ferfange en is dat mei dyn auto mooglik? Rieplachtsje dan ynstruksjefideo’s of it ynstruksjeboekje fan dy auto om te learen hoe’tst de lampen ferwikselje moatst. Wês wol foarsichtich, want in ferkearde oanpassing kin de ôfstelling fan de lampen beynfloedzje. Erik: “Do kinst al hiel gau de ôfstelling fan de lampen feroarje ast by fersin wat rekkest. It is dan ferstannich om nei de garaazje te gean,  omdat spesjaal ark in eask is om de lampen wer goed ôf te stellen. Yn ‘e garaazje witte wy krekt hoe’t de autoferljochting foar alle auto’s ôfsteld wurde moat. Sa bist der wis fan datst mei goede ferljochting op ‘en paad giest.

“Yn ‘e garaazje witte wy krekt hoe’t de ferljochting foar alle auto’s ôfsteld wurde moat. Sa bisto der wis fan datst mei goede ferljochting op ‘en paad giest.’’

Om der wis fan te wêzen dat dyn autoferljochting optimaal wurket en goed ôfsteld is, is it ferstannich om dyn ferljochting by dyn garaazje kontrolearje te litten. Ast dochs fan doel bist om sels de autolampen te ferfangen, dan jout Erik noch inkelde praktyske tips:

  • Wachtsje op syn minst fiif minuten neidatst riden hast, foardatst oan ‘e lampen komst, omdat se tige hjit wêze kinne.
  • Lês it ynstruksjeboekje fan dyn auto om de spesifike proseduere foar it ferfangen fan lampen te begripen.
  • Soargje derfoar datst de goede ferfangende lampen hast, dy’t by dyn auto passe. Hokker type ast nedich hast, stiet yn it ynstruksjeboekje.
  • Reitsje it glês fan de lampen net mei dyn bleate hannen oan, omdat de oalje op dyn hûd it glês oantaaste kin en de libbensdoer fan de lampe ferkoartsje kin. Brûk in doek of doch moffen oan om de lampen fêst te hâlden
  • Wês foarsichtich by it ferwikseljen fan de lampen om de goede ôfstelling net te fersteuren. Bist der net wis fan? Gean dan nei dyn garaazje om de autoferljochting feilich en goed ferfange te litten.

Wolst witte hoe’tst kontrolearje kinst oft dyn autoferljochting goed wurket? Yn dit artikel fynst in handige tsjeklist, ynformaasje oer it ôfstellen fan koplampen en advys oer it goede type lampe.