Goede autoferljochting hâldt yn dat it technysk yn oarder is, mar ek datst de ferljochting goed brûkst yn ûnderskate (waars)omstannichheden en ferkearssituaasjes. Yn dit artikel fynst in oersjoch fan punten dêr’tst dyn autoferljochting kontrolearje kinst om te beoardieljen oft dy technysk yn oarder is:

  • Brâne dyn lampen?
  • Brûkst de goede lampen foar dyn auto?
  • Binne dyn koplampen goed ôfsteld?
  • Binne dyn lampen skjin?

1. Brâne dyn lampen?

Alderearst: wurket dyn ferljochting eins wol? It is faak handich as immen mei dy mei sjocht. Wylst ien persoan yn ‘e auto de ferljochting ynskeakelet, kin de oar bûten kontrolearje oft alle ferljochting goed funksjonearret. Bist allinne? Gjin probleem: do kinst dyn lampen ek kontrolearje troch nei de wjerspegeling yn in (winkel)rút te sjen of se yn ‘t tsjuster op in muorre te rjochtsjen.

Yn ûndersteand plaatsje sjochst hokker lampen wurkje moatte.

In deze tekening wordt aangegeven welke lampen moeten werken

Moat der in lampe ferfongen wurde? Soms kinst dat sels dwaan, mar by nijere auto’s is dat faak net mear mooglik. Yn dit artikel dielt garaazjemanager Erik Jager handige ynformaasje en praktyske tips.

2. Brûkst it goede type lampe?

De measte auto’s meitsje gebrûk fan gloeilampen, dat binne meastal halogeenlampen dy’t in helder ljocht produsearje. Tsjintwurdich wurde auto’s ek hieltyd faker mei xenonferljochting útrist, dat jout in fel wyt ljocht. LED ferljochting is wilens standert yn efterljochten en rjochtingoanwizers, en wurdt ek hieltyd populêrder as dimljocht. LED lampen hawwe in tige lange libbensdoer en ferbrûke minder stroom.

Mar hokker type lampe hast nedich? Dat ferskilt de auto. Rieplachtsje dêrom it ynstruksjeboekje fan dy auto om te efterheljen hokker type lampe ast keapje moatte soest (bygelyks H1, H4 of H7). Kies it goede type, want oare lampen kinne ta ferkearde ljochtrefleksjes yn ‘e koplampen liede en dêrmei ferblinest oare ferkearsdielnimmers.

3. Steane dyn koplampen goed ôfsteld?

Ek mei ferkeard ôfstelde koplampen rinst it risiko om oare ferkearsdielnimmers te ferblynjen. Ut ûndersyk fan de ANWB hat bliken dien dat dat sels de grutste ergernis fan ferkearsdielnimmers is.

Der binne meardere oarsaken foar in ferkearde ôfstelling. It kin wêze datst by it ferfangen fan de lampen wat rekke hast, wêrtroch’t  de ôfstelling feroare is. Om dat te ferbetterjen, is spesjaal ark fan de autogaraazje nedich. In ferkearde ôfstelling kin ek troch in swiere lading efteryn feroarsake wurde. Yn dat gefal hinget dyn auto wat efteroer, wêrtroch’t de lampen te heech skine. Guon auto’s korrizjearje dat automatysk, wylst by oare auto’s it mei de hân oanpast wurde moat. Faak fia in knop oan de linkerkant fan it stjoer.

Dus, ast dyn kofferbak fol laden hast, dyn efterbank hielendal fol sit, of ast in oanhinger of in fytserek efter de auto keppele hast, dan is it wichtich om te kontrolearjen oft de ôfstelling automatysk korrizjearre is of datst it sels dwaan moast. Dat kinst teste troch dyn auto op likernôch 20 meter ôfstân fan in muorre of in (winkel)rút te setten en de refleksje fan dyn koplampen te beoardieljen.

4. Binne dyn lampen skjin?

Sa’t yn it ynterview mei Kees fan de ANWB nei foaren kaam, is benammen yn ‘e risptiid de kâns grut dat der in soad modder op ‘e dyk leit. It is dan ekstra wichtich om omtinken oan dyn koplampen te besteegjen, want smoargens op ‘e koplampen kin de ljochtopbringst gâns ferminderje, soms sels oant wol 80%. Dêrnjonken makket smoargens op ‘e koplampen de ôffier fan waarmte dreger. Dus soargje foar skjinne koplampen foar in maksimale ljochtopbringst én in goede ôffier fan waarmte. Dat lêste ferlinget de libbensdoer fan de lampen.

Witst wannear’tst hokker ferljochting fiere moatst?

Njonken it kontrolearjen oft dyn autoferljochting technysk yn oarder is, is it ek fan belang om te witten yn hokker (waars)omstannichheden of ferkearssituaasjes ast hokker soarte ferljochting fiere moatst. Dêr lêst yn dit artikel alles oer.