Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerferbettering

De fergunningferliening yn Fryslân foar stikstof sit op slot. De provinsje kin hast gjin nije natuerfergunningen mear ferliene oan boeren, bouwers of oare ûndernimmers. De reden is dat de natuer yn Fryslân minder wurdt troch ferskate drukfaktoaren, wêrûnder in te hege stikstofdelslach. Salang't dy slimmer wurden is, is elke nije fergunning juridysk kwetsber. Mei de Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerherstel wolle wy as provinsje hjir feroaring ynbringe. 

Wêrom in nije oanpak? 

Yn 2022 stelde de provinsje it Utfieringsprogramma Stikstof (UPS) fêst. Sûnt dy tiid is de juridyske situaasje yngripend feroare. De Ried fan Steat hat mei ferskate útspraken dúdlik makke dat by fergunningferliening it addisjonaliteitseask ûnderboud wurde moat. Dit betsjut dat stikstofromte ynset wurde mei foar in nije natuerfergunning, as oantoand wurde kin dat dy stikstofromte net nedich is foar it werstel fan de natuer. 

Yn ferliking mei it UPS, is it doel fan de nije oanpak om net langer allinnich te foldwaan oan omjouwingswearden (lanlike miljeunoarmen), mar de fergunningferliening wer fan it slot krije. Dat kin allinnich troch as provinsje per Natura 2000 - gebiet oan te toanen dat der in boarge plan leit om de natuer te werstellen. 

Wat hâldt de oanpak yn?

De Fryske oanpak wurket lâns fjouwer spoaren: 

  1. Binnen alle Fryske Natura 2000 - gebieten wurde ekstra natuer (werstel)maatregels naam.
  2. Dêr't nedich wurdt rûnom it tal natuergebieten ek wurke oan natuermaatregels bûten de natuergebieten. Tink dêrby oan hydrologyske maatregels om ferdrûging oan te pakken.
  3. Provinsjebrede maatregels moatte de stikstofútstjit yn hiel Fryslân ferleegje.
  4. Ta beslút moat foar de trije swierst belêste gebieten yn Súdeast-Fryslân jildt in ekstra gebietsrjochte oanpak mei oanfoljende doelen en maatregels.

De provinsje stjoert tenei op emisjes yn stee fan op deposysje om't ûndernimmers sels harren eigen útstjit direkt beynfloedzje kinne. Foar de lânbou betsjut dit in doelstelling fan 30% reduksje fan de ammoniakútstjit yn 2035 oangeande 2019. Hoe't boeren dat doel helje, meie sy foar in grut part sels bepale. Dit kin bygelyks troch oanpassingen yn feefoer, mear weidegong, bettere bedonging of oare maatregels dy't passe by it eigen bedriuw. 

Frijwillich dêr't it kin, normearjend as it moat

Foar ûndernimmers wolle wy mei dizze oanpak perspektyf en hannelingsromte kreëarje. De reduksjedoelen sjogge wy as helber en der komt stipe beskikber. De provinsje set oant 2035 maksimaal yn op frijwilligens, mei subsydzjes en begelieding as stipe. Undernimmers dy't stappen sette, wurde dêryn fasilitearre. Yn 2030 folget in wichtige tuskenevaluaasje om te bepalen oft wy op koers lizze. As bliken docht dat de frijwillige oanpak net genôch resultaat opsmyt, dan komt der fan 2035 ôf in normearjend ynstrumintarium yn wurking. Dizze foarm fan wissichheid dat wy ús doelen helje sille, moatte wy ynbouwe wolle wy op ' en doer wer fergunningen ferliene kinne. 

Hoe fierder?

Kommende Provinsjale Steaten stelle de Fryske oanpak nei ferwachting koart nei de simmer fan 2026 definityf fêst. Dêrnei folget de oersetting nei in konkreet útfieringsprogramma. Dat programma wurdt yn oparbeidzjen mei ûndernimmers, gemeenten, wetterskippen en natuerorganisaasjes útwurke. 

Mear ynformaasje oer de Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerherstel fine jo yn it folsleine beliedsdokumint.