Fryske oanpak

Sûnt 2018 hawwe der yn Fryslân wolveoanfallen west op lânbouhúsdieren (benammen skiep). Yn Fryslân is der in Gebietskommisje Wolf dy 't him dwaande hâldt mei de previnsje fan wolveskea yn Fryslân. De kommisje skreau yn novimber 2021 in advys oan Deputearre Steaten oer hoe 't wy omgean kinne mei de wolf yn Fryslân. Yn septimber 2023 brocht Gebietskommisje Wolf op 'e nij advys út en is der in evaluaasje útfierd. Op grûn fan dy beliedsoanbefellings oer de (provinsjale) wolveregelingen, hat Deputearre Steaten it reglemint fan Gebietskommisje Wolf en de subsydzjeregeling foar wolfkearende maatregels oanpast.
Wolvekonsulint
Yn Fryslân is in wolvekonsulint aktyf. De wichtichste taak is advys jaan oer de te realisearjen ôffreding. Dêrneist jout de wolvekonsulint ynformaasje oer de beskikbere subsydzje foar wolfkearende maatregels en bied er begelieding by it oanfraachproses. Al pleatste rasters kin er ek kontrolearje om mooglike swakke punten te ferhelpen. Wolle jo in raster pleatse of jo raster kontrolearje litte op wolfwurkheid, dan kinne jo in berop op de wolvekonsulint dwaan. Ek foar advys oer it ûnderhâld. Faak giet it om lytse dingen dy't noch dien wurde kinne om sa goed mooglik foar te kommen dat wolven maklik binnen de omheining komme kinne. It advys fan de wolvekonsulint is fergees. Jo kinne kontakt opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl
Nijsbrieven
Yn de nijsbrieven fan de Gebietskommisje Wolf is mear ynformaasje te finen oer de aktiviteiten en ûntwikkelings op it mêd fan skeaprevinsje en de wolf.
De Gebietskommisje Wolf hat de folgjende taken:
- It frege of net-frege advisearjen fan Deputearre Steaten oer:
a. beskermingsmaatregels foar holden lânbouhúsdieren oangeande wolven;
b. ( ynnovative) projekten rjochte op it foarkommen fan wolveskea;
c. bysûndere gefallen fan wolveskea;
d. de finansiering fan winske beskermingsmaatregels. - Foarljochting jaan en kommunisearje oer previnsje fan wolveskea rjochting bistehâlders. GW fiert dizze wurksumheden selsstannich en/of yn gearspraak mei bistehâlders út.
- It evaluearjen fan de wurksumheden en it funksjonearjen fan de GW en it advisearjen oer de ferfolchstappen.
Yn de PPWF hawwe sitting:
- In ûnôfhinklik foarsitter;
- Op syn minst twa en maksimaal fjouwer leden út namme fan de profesjonele en/of hobbymjittige dierhâderij;
- In lid út namme fan de Terreinbehearende organisaasjes (TBO`s);
- In lid út namme fan de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG).
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.