Fraach & Antwoord Lanenplan Oranjewoud

1. Wat is it Lanenplan Oranjewoud?

It Lanenplan Oranjewoud is in plan om de histoaryske leanen yn Oranjewâld te behâlden en wêr nedich te werstellen. It plan is in gearwurking tusken Provinsje Fryslân, Gemeente Hearrenfean, Steatsboskbehear, lâneigeners en Bosgroep Noord-Oost Nederland.

2. Wêrom is in lanenplan nedich?

In soad leanen binne yn de rin fan de tiid feroare. Beammen binne ferdwûn, leanen binne tichtgroeid of beammen binne minder sûn wurden. Sûnder goed behear ferdwine leanen stadich út it lânskip. Mei it lanenplan wolle we de leanen behâlde en wêr nedich herstelle.

3. Betsjut dit dat der beammen kapt wurde sille?

Yn guon lânen binne yngrepen nedich. Dat kin snoei wêze, it plantsjen fan nije beammen of yn guon gefallen it ferwiderjen fan beammen. Dit bart net samar. Per leane wurdt soarchfâldich sjoen wat nedich is foar feilichheid, natuer en it behâld fan it laankarakter.

4. Wêrom wurde somtiden ek sûne beammen fuorthelle?

Somtiden kin it nedich wêze om ek sûne beammen te ferwiderjen. Bygelyks as in soad beammen yn in leane al ferdwûn binne. Troch in part fan de leane op'e nij oan te plantsjen kin de laanstruktuer op lange termyn behâlden bliuwe. 

Ek kin it foarkomme dat in beam no al te min romte hat om goed te groeien. Dizze beammen sille yn de takomst faak noch deagean. Troch romte te meitsjen foar nije beammen soargje we derfoar dat de leanen en de bosk ek yn de takomst sûn bliuwe. 

Soks soarte fan karren wurdt altyd sekuer ôfwoegen.

5. Hoe wurdt rekken hâlden mei natuer en bisten?

Foardat wurksumheden begjinne, wurde ekologyske ûndersiken útfierd. Hjirby wurdt sjoen oft der beskerme bisten yn of om de beammen libje, lykas fûgels of flearmûzen. As dat sa is, wurdt it wurk oanpast of útsteld.

6. Wat bart der op dit stuit?

Wy hawwe earst yn kaart brocht hoe't it mei de leanen giet. Op basis dêrfan binne de lânen yndield yn ferskillende kategoryen. De folgjende stap is it útfieren fan ekologyske quickscans. Dêrnei wurdt dúdlik hokker wurksumheden mooglik binne.

7. Wannear begjinne de wurksumheden?

De eksakte planning is noch net bekend. Earst wurde de ekologyske quickscans útfierd. Dêrnei witte wy better hokker wurksumheden nedich binne en wannear't dy plakfine kinne.

8. Wurde alle leanen tagelyk oanpakt?

Nee. De wurksumheden wurde yn fazen útfierd. Net alle leanen hawwe direkt oandacht nedich. Earst wurdt sjoen hokker leanen as earste oanpakt wurde kinne.

9. Wat betsjut dit foar my as omwenner?

Net alle leanen wurde tagelyk oanpakt. Wannear't wurksumheden gefolgen hawwe foar direkte omwenners, ynformearje wy harren foarôf. Wy fine it wichtich om omwenners goed mei te nimmen yn it proses.

10. Myn beam of laan hat in persoanlike betsjutting. Wat kin ik dwaan?

Wy begripe dat guon beammen of plakken in persoanlike of betinkingswearde hawwe. Jo kinne dat by ús melde. We sjogge dan hoe't we hjir, wêr mooglik, rekken mei hâlde kinne.

11. Hoe bliuwt it gebiet der by wurksumheden útsjen?

Under wurksumheden kin in leane der tydlik oars útsjen. Soms wurde beammen snoeid of ferwidere en wurde nije beammen plante. 

Nije beammen hawwe tiid nedich om te groeien. Op de lange termyn soargje dizze maatregels derfoar dat de leanen sterker en sûner wurde.

12. Wurdt der rekken hâlden mei klimaatferoaring?

Ja. By it behear en de werplant fan beammen sjogge wy ek nei it klimaat. Beammen krije bygelyks mear romte om te groeien en der wurdt sjoen nei soarten dy't better bestân binne tsjin drûchte, hjitte en ekstreme waarsomstannichheden.