Een sloot met wit kruid op de voorgrond en een weiland met hek op de achtergrond.

In takomstbestindich lânskip

Yn it gebietsûntwikkelingsprojekt Dulf Mersken wurkje wy yn ‘e mande mei partners oan natuerferbettering en in klimaatrobúst wettersysteem. De wurksumheden binne yn en om it Natura 2000-gebiet Van Oordt’s Mersken. 

Troch ûnderskate dielen oan te pakken, meitsje wy it gebiet sterker en better taret op de takomst. Wy passe de wetterhúshâlding oan en wurkje oan it ferbetterjen fan natuer en wetterkwaliteit, ûnder oare yn de beekdelling fan it Alddjip, polder De Dulf-Janssenstichting en de sânwinplasse by Nij Beets.

Wat wolle wy berikke? 

Yn it plangebiet steane natuer en wetter ûnder druk. Troch yngrepen út it ferline, lykas turfwinning en it ferleegjen fan wetterpeilen, binne hichteferskillen ûntstien yn it oergongsgebiet tusken de beekdelling en de leechlizzende feanpolders fan Fryslân. 

Dêrtroch streamt grûnwetter út natuergebieten fuort, mei ferdrûging en boaiemdelgong ta gefolch. Tagelyk is it gebiet yn wiete perioaden kwetsber foar wetteroerlêst. 

Mei de gebietsûntwikkeling ferbetterje wy de balâns yn it wettersysteem. Wy hâlde wetter fêst dêr't it kin en fiere it ôf wêr’t dat nedich is. Sa ferbetterje wy de omstannichheden foar natuer en meitsje wy it gebiet better bestân tsjin klimaatferoaring.

Een kaart met daarop het gebied Dulf-Mersken aangegeven

De wichtichste opjeften: 

  • Sterkere natuer: ferbettering en fersterking fan natuer yn Van Oordt’s Mersken (Natura 2000) en it natuernetwurk (NNN), mei bettere omstannichheden foar greidefûgels en karakteristike planten 
  • Better wetterbehear: in wettersysteem dat wetter better fêsthâldt en ôffiert, mei fieding út it Alddjip wei en in ferbettere systeem fan sleatten en greppels
  • Klimaatbestindich gebiet: omgean mei drûchte én ekstreme delslach, ûnder oare troch wetterberging yn polder De Dulf-Janssenstichting
  • Wetterfeiligens: fersterkjen fan de wetterkearing lâns de Nije Feart en gemaal De Dulf ferfange
  • Balâns yn gebrûk: romte foar natuer, wetter, lânbou en sânwinning

Wat bart der konkreet yn it gebiet? 

De wurksumheden yn it gebiet binne ferdield oer ferskate ûnderdielen. Mei-inoar soargje dy foar in sterker en gearhingjend lânskip. 

Beekdelling en polder

Yn de polder De Dulf-Janssenstichting en de beekdelling fan it Alddjip rjochtsje wy it gebiet op 'e nij yn foar natuer en wetter. Sleatten en greppels wurde sa ynrjochte dat se út it Alddjip wei fuorre wurde. Dêrtroch bliuwt der yn drûge perioaden mear wetter beskikber en kin oerstallich wetter better ôffierd wurde.

Wetter en ferbiningen 

Wy bringe de ferbiningen werom en ferbetterje it wettersysteem. Dêrtroch kinne wetterbisten harren better ferpleatse en ferbine wy natuergebieten.

Wetterfeiligens en klimaat 

Om de regio better bestân te meitsjen tsjin ekstreme delslach, rjochtsje we de polder yn foar tydlike wetterberging yn wiete perioaden. Dêrmei kin wetter yn de Fryske boezem better opfongen en regulearre wurde, sadat wetteroerlêst safolle mooglik beheind wurdt.

Ek fersterkje wy de regionale wetterkearing lâns de Nije Feart en ferfange wy gemaal De Dulf. Dizze maatregels helpe om hege wetterstannen troch klimaatferoaring better op te fangen.

Sânwinplasse 

De sânwinplasse by Nij Beets hat in wichtige funksje yn it lokale wettersysteem. Troch it wetterpeil yn de plasse te ferheegjen, nimt de tsjindruk op it omlizzende grûnwetter ta. Dêrtroch lûkt de sânwinplasse minder grûnwetter út de omkriten oan, wêrtroch't it grûnwetterpeil yn natuergebieten better behâlden bliuwt.

Dat is posityf foar de kwetsbere natuer. Wy wurkje dêrby gear mei de eksploitant fan de sânwinplasse en ûndersykje hoe't wetter nei de plasse oanfierd wurde kin.

Alddjip 

It lêste part fan de âlde beekrin Alddjip yn de polder Dulf-Janssenstichting slute wy wer oan op it beeksysteem Keningsdjip. Dêrtroch komt der wer streaming yn de beek en ferbetteret de wetterhúshâlding.

Wêr steane wy no?

Yn april 2025 hawwe Deputearre Steaten it ynrjochtingsplan foar polder De Dulf-Janssenstichting fêststeld. Op 10 april 2026 presintearren wy it foarriedige ûntwerp oan direkt oanbelangjenden út it gebiet. Yn de gearkomste binne gebietskennis en oandachtspunten dield foar de fierdere útwurking fan it ûntwerp. 

Yn de kommende perioade wurkje wy it foarriedige ûntwerp fierder út. Dêrby sjogge wy yn ‘e mande mei pachters en oare oanbelangjenden ek yn it fjild nei de ynrjochting fan greppels en de wetterhúshâlding yn it gebiet. Dêrnei stelle wy it definitive ûntwerp fêst. De útfiering fan de maatregels set, sa wurdt ferwachte, yn 2027 útein. 

Foar de ynrjochting fan it wettersysteem binne de earste tariedende wurksumheden begjin 2026 al útfierd. Sa groeven wy in nije ringsleat fan sawat 2,5 kilometer lâns de Nije Feart. Dy ringsleat wurdt ûnderdiel fan it wettersysteem en helpt om wetter better oan en ôf te fieren.

Gearwurking 

De gebietsûntwikkeling is in gearwurking tusken meardere partijen, dêrûnder provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, gemeente Opsterlân en Steatsboskbehear. Mei grûneigeners, pachters en oare oanbelangjenden wurkje wy oan in soarchfâldich ynrjochte en takomstbestindich libbensfermidden.

Mear witte? 

Wolle jo mear witte oer de projekten yn Dulf Mersken of hawwe jo fragen? Nim dan telefoanysk kontakt mei ús op fia 058 292 59 25, of stjoer in mail nei provincie@fryslan.frl

Fia dizze side hâlde wy jo op 'e hichte fan de fuortgong. Lêste update: maaie 2026