Jakobskrûd is in twajierrige plant dy 't maksimaal ûngefear ien meter grut wurdt. Yn it earste jier groeie de rosetten. Jakobskrûd bloeit meastentiids yn it twadde jier (juny oant oktober) mei giele blommen. Nei it foarmjen fan sied stjert de plant. It sied kin dêrnei noch jierren aktyf bliuwe yn de grûn, klear om út te groeien yn in nije plant.

Benammen op plakken dêr 't in fersteuring fan de boaiem west hat, kin jakobskrûd goed groeie. Bygelyks dêr 't de seadde skansearre is troch rûch meanen, fertrapping, mollebulten of yntinsive bewezing troch fee. It krûd hat de foarkar foar sânige, ûnbemeste en losse, iepen grûn. 

Fersprieding

Jabikskrúswoartel komt ferspraat troch Nederlân foar. Sûnt 1950 is de fersprieding fan de soart tanaam, lit it Basisrapport foar Rode Lijst vaatplanten 2012 (eksterne keppeling) sjen. Dat is ek te lêzen yn dit berjocht(eksterne keppeling). Neffens mjitgegevens fan de Nasjonale Databank Flora en Fauna is de ôfrûne tsien jier gjin sprake mear fan in taname fan de fersprieding.

Afbeelding van een kaart waarop de verspreiding van jacobskruiskruid in Fryslân is te zien
Boarne: Nasjonale Databank Flora en Fauna. De detaillearre gegevens binne mei tastimming fan BIJ12 op kaart presintearre.

Net eltse gielbloeiende plant is jakobskrûd en kin in risiko foarmje foar fee. Ferskate planten lykje der bot op, mar befetsje net de giftige stof (pyrrolizidine alkaloïden ). Foarbylden binne sint-janskrûd, wjirmkrûd en grutte kêdeblom.

afbeelding van vier foto's van geelbloeiende planten die lijken op jacobskruiskruid
Fan links nei rjochts: sint-janskrûd (Manfred Richter), wjirmkrûd (Krzysztof Jaracz), grutte kêdeblom (maxpixel), jabikskrúswoartel (Rihaij)