Asfalt derút, beton deryn: soepel fytse troch bosk en heide
We binne by Hotel & restaurant De Stripe, it sintsje skynt folop en it petear oer de fernijde fytspaden om Bakkefean hinne en Wynjewâld komt gelyk op gong. It docht bliken dat Jan van Dalen (Stichting Vlooienmarkt Bakkefean), Jan Willem Russchen (doarpsbelang Bakkefean en dit jier tydlik waarnimmend foarsitter gebietskommisje Koningsdiep) en ek Harry Blauwbroek (âld-bestjoerslid fan doarpsbelang Wynjewâld) genôch te fertellen hawwe.
Nettsjinsteande dat der noch trije kilometer fytspaad oanlein wurde moat, binne de manlju bliid en ferromme dat der no nei alve jier striden acht kilometer fytspaad fernijd is en feestlik iepene is. Tagelyk meitsje se my fuortendaliks dúdlik: “ Ast tinkst dat wy no klear binne, dan fersin dy. De put is noch altyd net hielendal klear! ”

Hobbelpaden
De fytspaden yn de omjouwing wiene al jierren yn in minne kondysje. Underhân wiene it in soarte fan 'hobbelpaden' wurden, troch alle woartels dy’t it asfalt flink omheech skuorden en iepenskuorden. De fytspaden leine der al minstens sechstich jier en wiene al jierren oan grut ûnderhâld ta.
Harry Blauwbroek: “Us heit hie eartiids in oannimmersbedriuw en hat de âlde fytspaden oanlein yn de 60'er jierren. Eins wol bysûnder dat ik safolle jierren letter de paden ‘derút wrakselje’. Do moatst it ús heit neijaan dat de paden it dochs 55 jier folhâlden hawwe foardat se echt min waarden", seit er mei in glimk. "Mar de lêste tsien jier ha se echt te lang lein.”

Alle trije binne se al jierren aktyf yn en foar it gebiet, yn allerhande rollen. Ut de stichting Vlooienmarkt Bakkefean, de doarpsbelangen, it Toeristisch Platform Opsterland (TPO), de lânynrjochtingskommisje fan Keningsdjip ensfh. Se fûnen dat der wat dien wurde moast oan dy ferâldere fytspaden en sochten ûnder oare de gearwurking mei Steatsboskbehear en Natuurmonumenten. Ek wie der nau kontakt mei de provinsje Fryslân út de gebietsûntwikkeling Koningsdiep wei. Fia alderhande diken besochten se ynfloed út te oefenjen. In proses fan lûken, sleuren en triuwen om de hannen opinoar en de finansiering rûn te krijen.
Win-win
De natuergebieten it Oude Bosch, De Slotpleats en de Duurswouderheide meitsje ûnderdiel út fan de Friese Wouden en binne bot populêr by benammen fytsers en kuierders. De rekreant is in wichtige doelgroep en dêrmei ek in grutte ynkomsteboarne. Net allinnich foar de tal hoareka en rekreaasje-ûndernimmers yn it gebiet, mar ek foar de gemeente Opsterlân.
Jan Willem Russchen is âld-eigener fan camping De Wâldsang. As eks-rekreaasjeûndernimmer leit er út: “Ynvestearje yn de fytspaden is eat dêr’t de toeristen én de pleatslike befolking wat oan hawwe. Wy sjogge dat as in win-win. Ek past it hiel goed yn it hjoeddeiske belied fan duorsumens, bewegen en natuer.” Jan van Dalen follet oan: “Seker no't de lânbou ôfnimt, is it toerisme wichtich. Boppedat is it sa dat in part fan dit jild út it potsje toeristebelesting komt. Jild opbrocht troch de toerist en dat wer bestege heart te wurden oan rekreative foarsjennings. Hoe moai soe it wêze dat de rekreaasjeûndernimmers sizze: gelokkich ik ha wer toeristebelesting betelle. Dêr wurde sokke goede dingen fan dien! Myn iene euro wurdt dêrtroch twa euro wurdich. ”
Ein goed, al goed
Mei it jild fan de regiodeal is de oanlis fan de nije paden echt op gong kaam. In skoft lang fûnen se de gemeente Opsterlân weromhâldend. Projektlieder Yep Zeinstra fan de provinsje Fryslân joech de tip om sels noch earne wat jild wei te heljen. It slagge de Stichting Vlooienmarkt om 100.000 euro frij te meitsjen en beide pleatslike belangen diene der elk nochris 5.000 euro by. Ek natuermonuminten en Steatsboskbehear hawwe meibetelle. Dat wie foar de gemeente it sinjaal om 2,5 ton beskikber te stellen.
"Op de Duurswouderheide is brûk makke fan troch Steatsboskbehear takend jild foar natuerherstel. Ien fan de wizen om de natuer te helpen werstelle, is it ferheegjen fan it grûnwetterpeil. Mar dêrtroch kamen de fytspaden yn it wetter te lizzen. En dus moasten dy wol oanpakt wurde", fertelt Jan van Dalen. “Sa is it jild sammele en alles hielendal goed kaam.”
Balâns tusken tagonklikens en de natuer
Se binne it der allegear oer iens dat de fernijde fytspaden in oanwinst binne foar it 'ferrekt moaie natuergebiet' lâns it Alddjip. Jan van Dalen syn winsk is om nóch wat nofliker kuierje te kinnen by de Poasen. Net yn it lêste plak ynjûn troch moaie oantinkens. “It sentimint fan sneintejûns mei de húshâlding kuierje, oer de doe noch sânpaden”, mimeret er. "Fia de greiden koene we ûnbeheind oeral komme en dan ûnderweis gau skûlje moatte foar in opkommende tongerbui", seit er mei wat weemoed. Harry Blauwbroek werkent it en knikt ynstimmend.
Jan Willem Russchen begrypt dat sentimint en ek dat tiden feroarje. “Ik snap wêrom’t dêr net foar keazen is. It bliuwt altyd sykjen nei de balâns tusken tagonklikens en de natuer, dat is in feit.”
Mear ynformaasje oer de gebietsûntwikkeling Keningsdjip kinne jo fine op www.fryslan.frl/koningsdiep.
