Ynternasjonale Fish Passage Conference komt yn 2027 nei Nederlân
Nederlân is yn 2027 gastlân foar de ynternasjonale Fish Passage Conference. Dat is justerjûn bekend makke op de edysje fan 2026 yn de Feriene Steaten. De Fish Passage Conference is in wittenskiplike gearkomste oer fiskmigraasje en it weinimmen fan barriêres yn rivieren en stilsteande wetters. Fan 7 oant en mei 11 juny 2027 komme beliedsmakkers en oare professionals út de hiele wrâld nei Ljouwert, dêr't Nederlân dizze edysje organisearret.
Nederlân is keazen fanwege de sterke posysje op it mêd fan wetterbehear en natuerferbettering. “Mei de earste Fiskmigraasjerivier op 'e wrâld litte wy sjen hoe't wy yn Nederlân foaroprinne yn oplossings foar wetter én natuer. Dat dizze ynternasjonale konferinsje krekt hjir yn Fryslân wêze sil, ûnderstreket dat ús oanpak wrâldwiid relevant is," seit deputearre Matthijs de Vries.
Fiskmigraasjerivier as ynternasjonaal foarbyld
By de Ofslútdyk soarget de Fiskmigraasjerivier foar in iepen ferbining tusken de Waadsee en de Iselmar. Dêrtroch kinne trekfisken aanst wer frij tusken de Noardsee en de Rijndelta swimme, wat wichtich is foar it ferbetterjen fan fiskpopulaasje, sûn wetter en in rike natuer. It projekt is unyk yn de wrâld en jildt as foarbyld foar oare delta’s en kustgebieten. De konferinsje is yn 2027 tagelyk mei de iepening fan de Fiskmigraasjerivier.
Ynternasjonale útwikseling yn Nederlân
By de konferinsje komme eksperts en organisaasjes byinoar om kennis te dielen en oan oplossings foar sûne ekosystemen te wurkjen. Provinsje Fryslân organisearret de konferinsje yn ’e mande mei nasjonale en ynternasjonale partners. Yn de kommende perioade wurdt oan it programma en de organisaasje wurke.
Mear informaasje: www.fishpassage2027.com (Ingelsk)