Provinsjale prizen

Yn de provinsje Fryslân stimulearje en beleanje wy graach ús talinten. Dêrom rikke wy alle jierren ferskate provinsjale prizen út. Prizen op it mêd fan de Fryske taal en literatuer, toaniel, foarmjouwing, muzyk, byldzjende keunst, arsjitektuer, natuer, lânbou, romtlike kwaliteit, sport, ûnderwiis en wittenskip.
Provinsjale prizen
Mei de provinsjale prizen drukke wy yn it foarste plak ús wurdearring út foar de priiswinner en syn of har wurk. Mar dêrneist binne de provinsjale prizen derop rjochte om de belutsenens fan it publyk te fergrutsjen by de ferskate ûnderwerpen. Sa litte wy graach de Fryske befolking en alle oare belangstellenden yn ‘e kunde komme mei de Fryske taal en literatuer. Ek as it giet om de oare prizen litte wy graach sjen wat Fryslân te bieden hat.