Wy wolle werombringe wat kwytrekke is

Jan-Henk wit noch krekt hoe't er op in middei stie te sjen nei in pleats oan in âld, Frysk binnendykjen mei in te keapboerd yn de tún. Hy bellet syn frou Saskia: “Moatst hearre!", seit er. "Ik hear neat," antwurdet hja. En dat wie krekt wat Jan-Henk bedoelde. "De stilte, de fûgels, in boer op de trekker. Mear net", fertelt er yn de tún fan Sjaerdemahof, de pleats dêr't er doe nei stie te sjen.

Jan-Henk Braam en Saskia Wagener fan Hoofddorp besleaten de pleats by Goaiïngea te keapjen om der in natuercamping, B&B en teetún te begjinnen. It boerehiem is mei help fan subsydzjes en doarpsbewenners wer sa't it ea wie: grien en idyllysk. “Wy meie grutsk wêze op dit lânskip. Wy wolle werombringe wat kwytrekke is.”

Mienskip

"Mei twa fan de fiif bern noch thúswenjend wie it ekstra spannend, mar it pakte hiel goed út", fertelt Saskia. De hiele húshâlding waard fuortendaliks opnommen yn de mienskip.“ De skoalle, de ferieningen. Us soan hat in baantsje by in boer, ik sit yn it bestjoer fan Doarpsbelangen. Foar de iepening fan de camping ein juny hawwe wy it hiele doarp útnûge. Wy binne hjir no al mear belutsen as wy ea wiene yn sechstjin jier Haaddoarp. ” 

Boerenerf

Ien fan'e earste dingen dy't Jan-Henk en Saskia oanpakke woene wie it boerehiem, dat foaral út beton bestie. Se ferdjippen har yn mooglikheden foar herstel en koene mei de subsydzje Herstel Agrarisch in lânskipsarsjitekt út de buert ynskeakelje. Sy makke njonken in ûntwerp harren ek hiel wat wizer oer it lânskip fan de Lege Geaen.

Jan-Henk en zijn vrouw Saskia in het weiland achter de boerderij en een caravan met voortent.
Jan-Henk Braam en zijn vrouw Saskia Wagener

Plataan

"We hiene krekt in plataan plante. Dy die ús tinken oan Frânske pleintsjes. Maar toen de architect vertelde dat die hier eigenlijk van nature niet voorkomt, hebben we ‘m er weer uit gehaald", seit Saskia. Mei de subsydzje is ûnder oare ek it hôf mei heechstam fruitbeammen wersteld, it plak dêr't eartiids it jongfee fanút it bûthús omskarrele. 

In oare winsk dy't yn ferfolling gean koe troch de subsydzje wie de oprit. "Dat woene we hiel graach oars. De oprit is no passend yn it lânskip: mei in rûning, laanachtich en grien."

Fergriening en bioferskaat 

Yn totaal waarden mar leafst 3000 beammen en strûken plante op it hiem. Net allinnich Herstel Agrarisch Natuurlandschap, mar ek Beammen foar Elkenien (in projekt fan Landschapsbeheer Friesland en Friese Milieu Federatie) en de Fondation Yves Rocher makken Sjaerdemahof griener. Dizze projekten rjochtsje har ek op fergriening en bioferskaat troch it skinken fan beammen. 

Foar it plantsjen fregen Jan-Henk en Saskia twa kear freonen, famylje en doarpsgenoaten te helpen, yn desimber 2023 en jannewaris 2025. “It wie in grut sukses en in gesellige dei.”

Natuercamping

Bioferskaat en lânseigen floara binne útgongspunten by Sjaerdemahof. Ek foar de natuerlike camping dy't ein juny iepengie. De earste gasten binne neffens Jan-Henk entûsjast. "Lêsten kaam in Dútske camper it hiem op riden. Dy minsken wiene útnaaid fan in plak dêr't se de earm útstutsen - de folgjende camper oanrekken. Hjir hawwe se romte, rêst en natuer.” 

De effekten fan it werombringen nei wat it ea wie, rikke fierder as it eigen hiem. Sa hearre se fan buorlju geregeld dat sy mear flinters en bijen sjogge. Saskia: “Lêsten wie hjir in seldsume einesoart, it nontsje; dêr wurdt elkenien sa bliid fan.”

‘Dit is echt’

Underwilens tsjinje de folgjende ideeën har al oan: earst de teetún, dan miskien in swimfiver. Ek soe Jan-Henk graach de opfeart, dy't ea tsjinne om de molkbussen nei it fabryk te ferfieren, wer iepenje. 

Saskia kin soms noch net leauwe dat se wier har dream libje. "It is hurd wurkjen, der moat noch in soad barre en we ha beide in baan derneist. Mar soms moatte we inoar knipe: dit is echt. Dat hiene wy tweintich jier lyn dwaan moatten.”