Oer it algemien is de oanwêzigens fan jabikskrúswoartel gjin reden foar ûngerêstens. Op goed ûnderholden, gewoanwei bedonge lânbouperselen mei in sletten gersmatte makket jakobskrûd net folle kâns. Ek werkenne en mije de bisten de groeiende planten faak sels.

Wat kinst dwaan om jabikskrúswoartel foar te kommen? 

By in risiko op jabikskrúswoartel jildt earst: foarkomme is better as genêze. 

  • Foarkom de fersprieding fan jabikskrúswoartelsied: soargje derfoar dat yn dyn perselen gjin jabikskrúswoartel ta bloei komt.
  • Set net tefolle bisten op in lytse oerflakte: dat liedt ta oerweidzjen en iepen plakken yn de gersmatte.
  • Brûk inkeld hea of kuilfoer fan betroubere leveransiers en ynformearje hjir nei: hja kinne garandearje dat de kûle of struisel gjin jakobskrûd befettet. 
  • Hâld de gerssoade sa ticht mooglik: in goed slutende gersmatte biedt net folle plak oan ûntkymjende krûden.
  • Freze wrot de grûn iepen: jakobskrûd gedyt better yn iepen woelde grûn en krijt sa in net-winske foarsprong. 

Wat kinst dwaan as dyn joakobskrûd yn dyn greide hat?

As jakobskrûd in soad foarkomt yn gerslannen fan hynste- of feehâlders of natuerbehearders, dan is it oan te rieden om maatregels te nimmen.

  • Kies foar meanen yn ferskillende fazen. Maai stikken gerslân dêr 't in soad jakobskrûd groeit, mar lit de stikken dêr 't de winske soarten bloeie ûngemuoid. Troch fasearre meanbehear ta te passen wurdt oerlêst fan jabikskrúswoartel beheind en bioferskaat fuortsterke. It hat de foarkar om te meanen foarôfgeand oan de bloeiperioade fan de plant (juny) om siedfoarming foar te kommen en in twadde kear ein augustus.
  • Fier it meansel ôf en brûk it net as hea of struisel.
  • Ferwider lytse planten jakobskrûd mei de hân of mei in ûnkrûdfoarke: as de planten bloeie, kinne sied har ferspriede. Ut woartelresten kinne gau nije planten groeie. Fear de útlutsen planten ôf.
  • Lit in meande of útlutsen plant by foarkar net op 'e grûn lizze: by it ferdrûgjen ferliest de plant syn bittere rook en wurdt troch hynders en oar fee net mear werkent! Boppedat sil de plant besykje om noch gau wat siedsjes te meitsjen. Fier leafst it meansel ôf.
  • Soargje hieltyd foar genôch iten foar fee: earst by in tekoart oan iten begjinne de bisten jakobskrûd te iten.

En wat as jo buorlju jabikskrúswoartel hawwe?

  • Foarkom yn goed oerlis dat de plant him ferspriedt.
  • Grenst dyn perseel oan grûn fan de oerheid (provinsje, gemeente, wetterskip of Rykswettersteat). Meld dy dan by de belutsen ynstânsje.
Foto van een paard in de wei naast jacobskruiskruid
Hynder yn greide neist jabikskrúswoartel. Foto: Rihaij.