Útjaan fan Frysktalige literatuer

De subsydzjeregeling foar it it útjaan fan Frysktalige boeken is iepen fan:

  • 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 (earste iepenselling);
  • 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 (twadde iepenstelling). 

It kin gean om printe boeken, om digitale boeken mar ek om audio- of harkboeken. It subsydzjeplafond is € 75.000,- per iepenstelling in 2026. 

Betingsten

Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.6 fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân.

Oanfraach yntsjinje 

Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraachformulier

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes)
  2. In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
  3. By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt statuten)

Hat jo stifing of feriening net eHerkenning? Jo kinne dan gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD mar dan as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Yn dat gefal moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.

Help nedich?

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.

Mear ynformaasje

As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei ús Klantekontaktsintrum  op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.

Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo eHerkenning nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.