It sterker meitsjen fan de natuer, it ferminderjen fan stikstofútstjit en it mooglik meitsjen fan ekonomyske en maatskiplike ûntwikkelingen. Dat binne de trije haadûnderdielen fan it Fryske Utfieringsprogramma Stikstof.

De provinsje Fryslân wurket op it stuit oan it Fryske Utfieringsprogramma Stikstof. Dat dokumint komt ta stân yn dialooch mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en oare oerheden. Yn 2021 wolle wy it útfieringsprogramma klear hawwe, sadat wy der yn de kommende jierren foar soargje kinne dat stikstofgefoelige, beskerme natuer wer sterk en robúst wurdt, de útstjit fan stikstof nei ûnderen giet en dat der wer genôch romte is foar ekonomyske en maatskiplike ûntwikkelingen yn Fryslân. De  gebietsrjochte stikstofoanpak Fryslân is dêrmei dan ek in wichtich ûnderdiel fan it útfieringsprogramma.

Sadree’t it útfieringsprogramma útwurke is en troch de provinsje fêststeld is, sil it as download oan de ynfographic tafoege wurde.