Untwerp-Omjouwingsfisy Fryslân op besjen: in werkenber Fryslân, klear foar de takomst
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat de Untwerp-Provinsjale Omjouwingsfisy (POVI) fêststeld. Dêrmei kiest de provinsje útdruklik rjochting. Want yn Fryslân steapelje de opjeften harren op – fan wenjen en enerzjy oant wetter, natuer en berikberens – wylst de romte ienfâldichwei beheind is. De Untwerp-POVI leit fan 10 maart oant en mei 20 april 2026 op besjen.
Deputearre Sijbe Knol: “Mei dizze Omjouwingsfisy soargje wy derfoar dat Fryslân werkenber bliuwt yn lânskip en libbensfermidden, mar wol klear is foar de takomst. De romte is krap en de opjeften binne grut. Karren binne dus nedich. Koartsein: romte meitsje foar de takomst, sûnder te brekken mei wat Fryslân bysûnder makket.”
Yn de Omjouwingsfisy sketst Fryslân de koers nei 2050 ta mei dúdlike karren foar ús libbensfermidden. Wy wurkje oan sterke natuer en in takomstbestindige lânbou, mei wetter en boaiem as basis. Der komt yn stêden en doarpen romte foar wenningbou, dat de jongerein hjir in takomst opbouwe kin en de âlderein passend wenje kin en sûn âld wurde kin. Tagelyk bouwe wy stap foar stap oan in fossylfrije en sirkulêre provinsje mei in betroubere en betelbere enerzjyfoarsjenning.
Effekten Untwerp-POVI
It Omjouwingseffektfrapport (OER) lit sjen dat de karren yn de Untwerp-POVI foar Fryslân sa kin ferwachte wurde foar de measte ûnderwerpen in posityf effekt hawwe. Benammen foar de brede wolfeart skoart de fisy goed: der binne positive effekten op wurkgelegenheid, foarsjennings, oantreklike fêstigingslokaasjes, sosjale gearhing en ynklusiviteit. De makke karren pakke boppedat geunstich út foar sosjaalekonomyske punten.
Partisipaasje
De fisy is ta stân kommen yn gearwurking mei de Fryske oerheden, mei maatskiplike organisaasjes, bedriuwen en ús ynwenners. Harren ideeën en ambysjes, mar ek harren soargen, binne brûkt by it ta stân kommen fan dizze fisy. Want de takomst fan Fryslân meitsje wy mei-inoar.
Op besjen lizzen
Fan 11 maart oant en mei 21 april 2026 lizze de Untwerp-POVI en de byhearrende dokuminten op besjen. Yn dy perioade kinne jo jo miening jaan troch in sjenswize yn te tsjinjen. Op Omjouwingsfisy Fryslân stiet hoe’t jo dat dwaan kinne.
Nei 21 april 2026 besjocht de provinsje alle reaksjes. Dêrnei nimme Provinsjale Steaten in beslút oer de definitive fêststelling fan de POVI. Ferwachte wurdt dat dat yn septimber 2026 syn beslach kriget.