Omjouwingsfisy Fryslân

De Provinsjale Omjouwingsfisy 

“In werkenber Fryslân, klear foar de takomst”

Provinsjale Steaten hawwe de Provinsjale Omjouwingsfisy op 30 septimber 2026 fêststeld. Yn dy fyzje stiet hoe't de provinsje oant 2050 omgean wol mei de romte yn Fryslân. De opjeften binne grut. Fan it wenningtekoart en de enerzjytransysje oant it stikstoffraachstik en in feroarjend klimaat. Der is net genôch romte om alles in plak te jaan. Net alles kin oeral. Dêrom makket de provinsje yn dizze fyzje karren. 

De fyzje wurket ta nei ien byld, in werkenber Fryslân dat klear is foar de takomst. Mei sterke stêden en doarpen yn in lânskip fan wrâldklasse en in goed libben foar elkenien yn de hiele provinsje. 

De ambysjes yn de Ontwerp Omgevingsvisie wurde ynfolle oan de hân fan fjouwer bewegingen: 

  1. Nei in skjinne, sûne, ynklusive en feilige leefomjouwing mei identiteit;
  2. Nei in sterke lânbou en natuer yn in klimaatbestindich Fryslân; 
  3. Nei fitale stêden en doarpen yn in ferbûn Fryslân;
  4. Nei in fossylfrije en sirkulêre maatskippij. 

Foar de taljochting op de ambysjes en dy bewegingen ferwize wy jo nei de ynhâld fan de Provinsjale Omjouwingsfisy.

Hoe't de fyzje ta stân kaam 

Yn de Omjouwingswet is de provinsjale Omjouwingsfisy it strategyske plan foar de lange termyn. Dêryn leit in provinsje har ambysjes en doelen foar de fysike leefomjouwing fêst. De provinsje boude de fyzje yn stappen op. Dat die se tegearre mei oaren. Gemeenten, Wetterskip Fryslân, maatskiplike organisaasjes en ynwenners hawwe meitocht. Deputearre Steaten stelden earst in kontoerenskets fêst, dy't oan Provinsjale Steaten foarlein is foar winsken en betinkingen. Op basis dêrfan is de ûntwerpfisy skreaun.

Ynwenners en organisaasjes koene yn dy perioade de plannen besjen en formiel harren miening jaan yn in sjenswize. Dizze sjenswizen hawwe in antwurd krigen yn de reaksjenota. Dêryn stiet ek oft in sjenswize wat feroare hat yn de definityfe fyzje.

Op 30 septimber 2026 stelden Provinsjale Steaten de definitive Omjouwingsfisy fan Fryslân fêst, tegearre mei it omjouwingseffektrapport, de reaksjenota en it partisipaasjeplan. De steaten namen dêrby in tal amendeminten oan. Dy binne yn de fyzje ferwurke.

Dokuminten 

De fêststelde Provinsjale Omjouwingsfisy, reaksjenota en oare byhearrende stikken binne te finen fia:

Provinsjale Omjouwingsfisy Fryslân

Hoe giet it fierder? 

De fisy is it startpunt foar romtlike ûntwikkelings, programma’s en it aktueel hâlden fan de regels fan de provinsje. Yn de Omjouwingsprogramma’s wurket de provinsje út hokker maatregels hja nimt. Yn de Omjouwingsferoardering leit se fêst wat der oan regels nedich is. Belied is dêrmei net klear. De provinsje folget wat der yn de praktyk bart en stelt by wêr't dat nedich is. 

By de útwurking yn programma’s kinne ynwenners en organisaasjes ek meitinke.

Eardere publikaasjes

Op dizze side fine jo de Untwerp Provinsjale Omjouwingsfisy en oare dokuminten dy't op besjen lein hawwe.