Yn ’e mande mei alle oanbelangjende partners stribje wy nei in beropsbefolking dy’t draaie en keare kin en dy’t warber is. De provinsje sit dêrfoar oan tafel by de arbeidsmerkregio ‘Fryslân wurket’, dêr't alle partners har mei-inoar yn oer arbeidsmerkfraachstikken yn ús provinsje bûge. De arbeidsmerkregio is ferantwurdlik foar it tsjinstferlienen oan wurkjouwers en wurksykjenden. De provinsje hat gjin eigen rol of aktiviteiten.

Fryslân 

By de arbeidsmerkregio ‘Fryslân wurket!(eksterne keppeling)’ kinne ynwenners terjochte foar fragen oer wurk, oplieding en ûntwikkeling. Yn dy arbeidsmerkregio wurkje de Fryske gemeenten, it UWV, it ûnderwiis, SBB, Learwurkloket, FNV, CNV, VNO-NCW Noard en MKB-Noard mei-inoar op. Mei-inoar biede dy partijen tsjinstferliening op it mêd fan skoalling, ûntwikkeling en keppeling.

Yn it Koersdokumint 2022-2026 is de mienskiplike ambysje sá ûnder wurden brocht:

“Wy rjochtsje ús op in ynklusive arbeidsmerk, dêr't elk talint yn telt. Ut sosjaal én ekonomysk perspektyf wei. De maatskippij en de arbeidsmerk funksjonearje it bêste as safolle mooglik minsken mei wurk dêroan meidogge. Dêrom is ús ambysje om de ynwenners fan Fryslân mear wissichheid te bieden op in duorsume arbeidskarriêre en wurkjouwers te foarsjen fan genôch kwalifisearre personiel.”

De doelstellings: duorsume ynsetberens ferheegje, it stimulearjen fan Libben Lang Untwikkelje en it befoarderjen fan arbeidsmobiliteit.

De Fryske gemeenten, it UWV, fakbûnen en wurkjouwersorganisaasjes arbeidzje sûnt 2020 ek mei-inoar op yn regionale mobiliteitsteams (RMT's)(eksterne keppeling), om safolle mooglik minsken oan it wurk te krijen en te hâlden.

Noard-Nederlân

Yn ’e Arbeidsmerktafel Noard (AMTN) komme de trije provinsjes (Grinslân, Drinte, Fryslán), de trije sintrumgemeenten fan ’e arbeidsmerkregio's (Grins, Emmen en Ljouwert) en it UWV geregeld byinoar om ôf te stimmen by arbeidsmerkfraachstikken en aksje te ûndernimmen. De ambysje is in goed wurkjende Noardlike arbeidsmerk dy’t klear is foar de transysjes, dêr’t:

  • elke ynwenner yn meidwaan kin en him hieltyd fierder yn ûntwikkelet;
  • elke MKB-er personiel yn winne, behâlde en ûntwikkelje kin;
  • de learkultuer optimaal yn ûntwikkele is;
  • ûnderwiis en arbeidsmerk nau mei-inoar yn ferbûn binne;
  • oerheden mei-inoar yn oparbeidzje en inoar stypje.

Ynkoarten leit der in noardlike Human Capital Aginda. Dêr stiet ús mienskiplike koers foar belied en ’e ynset fan ferskate fûnsen yn. Fûnsen út Nederlân, mar ek út Europa wei. Tink bygelyks oan it ESF+, it Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkelings en ’e JTF-regelings.

Mei de partners wurkje wy op ’en nausten gear, fertelle wy it ferhaal fan it Noarden en meitsje wy ús winsken dúdlik by it Ryk.