Noard-Nederlân hat in Regionale Innovatie Strategie (RIS 3). Dizze is ûntwikkele troch de noardlike oerheden, kennisynstellings, ûndernimmers en oare partners. Mei-inoar sette wy yn de perioade 2021 -2027 yn op in sirkulêr, lokkich en ynklusyf Noard-Nederlân. De ynnovaasjestrategy giet oer in Noard-Nederlân wêryn't partijen yn gearwurking en ferbining mei-inoar sykje nei ynnovaasje- en ûntwikkelkânsen én dy benutte.

De RIS set yn op de folgjende transysjes:

  • Fan lineêre nei sirkulêre ekonomy;
  • Fan soarch nei (positive) sûnens;
  • Fan fossile nei fernijbere enerzjy;
  • Fan analooch nei digitaal.

Dizze transysjes binne gjin doel op himsels, mar biede kânsen foar in duorsume en brede wolfeart. Foar in tûker, griener, sosjaler en ynklusiver Noard-Nederlân én Europa. As regio hawwe wy de measte kâns op sukses as wy ús witte te ûnderskieden fan oare regio’s. Dêrom wolle wy yn de kommende jierren Fryske partijen stimulearje om te sykjen nei wat Noard-Nederlân unyk makket en wêr't ús ûnderskiedend fermogen leit. Der komt Europeesk jild út ferskate fûnsen beskikber dat helpe kin om dat mooglik te meitsjen.

De provinsje hat de ambysje om yn de perioade 2021 -2027 op syn minst 130 miljoen euro binnen te heljen foar projekten dy't bydrage oan ús beliedsdoelstellings en de brede wolfeart fan Fryslân. Fryske partisipaasje yn projekten út de fjouwer Ynterregprogramma’s kin foar in grut part bydrage oan it realisearjen fan dy ambysje.

It gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (Samenwerkingsverband Noord-Nederland – SNN) fiert út namme fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte ûndersteande fûnsen út. Dus hawwe jo in goed idee? En wolle jo mei oaren gearwurkje oan ynnovaasje? Besjoch foar mear ynformaasje of kontaktgegevens de webside fan it SNN.

Europa Pact Fryslân

Europa Pact Fryslân (EPF) wurket oan projekten yn Fryslân dêr't in berop mei dien wurde kin op Europeeske middels, om de brede wolfeart yn de regio te fersterkjen. Yn ‘e mande mei inisjatyfnimmers fan projektideeën wurdt sjoen oft in projekt potinsje hat om in Europeesk projekt te wurden. EPF jout advys oer útwurking, bûtenlânske netwurken en Europeeske programma’s. Ek wurdt sjoen oft der genôch útfieringskapasiteit is. Eksterne saakkundigen kinne helpe om in goede oanfraach by in Europeesk programma (as EFRO of Interreg) yn te tsjinjen. Foar it ynskeakeljen fan dy help kinne inisjatyfnimmers subsydzje by de provinsje oanfreegje, mits it EPF in posityf advys oer it projektidee jûn hat. Op it stuit wurdt it Utfieringsteam opset, it subsydzje kin nei ferwachting fan 2023 ôf oanfrege wurde. It Utfieringsteam EPF is húsfeste yn ’e Kânselarij yn Ljouwert, Turfmarkt 11.

Kontakt

Foar kontakt mei it útfieringsteam of mear ynformaasje oer Europa Pact Fryslân kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of fia telefoannûmer 058 - 292 59 25. 

Interreg

Troch gearwurking oer de grins ûntsteane unike kânsen. Ynterreg is in Europeesk subsydzjeprogramma dêr’t de gearwurking tusken ferskate Europeeske regio’s mei stimulearre wurdt. Fryslân docht mei oan fjouwer Ynterregprogramma’s:

  • Ynterreg A Deutschland-Nederlân: Gearwurking yn de grinsregio, it fuort nimmen fan de grins as barriêre;
  • Ynterreg North Sea: gearwurking tusken regio’s út ferskate Europeeske lannen;
  • Ynterreg North West Europe: gearwurking tusken regio’s út ferskate Europeeske lannen;
  • Ynterreg Europe: Europa brede ynterregionale gearwurking.

Elk programma foar de programmaperioade 2021-2027 hat in eigen ynhâldlike programmearring. Besjoch fia ûndersteande knop de projekten dêr't provinsje Fryslân oan bydraacht.

Mear ynformaasje

Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkeling (EFRO)

It EFRO-programma 2021 -2027 is ien fan de Europeeske programma’s dy’t middels beskikber stelt om de doelen en kânsen fan de regionale ynnovaasjestrategy te berikken. It EFRO hat as doel om de ferskillen tusken Europeeske regio's lytser te meitsjen. Foar Nederlân leit de fokus op ynnovaasje, foar Noard-Nederlân op de fersterking fan it ûndernimmers- en ynnovaasjeklimaat. Undernimmers, kennis- en ûnderwiisynstellings, oerheden, netwurken en maatskiplike organisaasjes kinne mei-inoar wurkje oan nije ynnovaasjes dy't bydrage oan de duorsume en brede wolfeart.

Mear ynformaasje(eksterne keppeling)

Just Transition Fund

It Just Transition Fund (JTF), it ‘fûns foar in rjochtfeardige transysje’, is in Europeesk fûns foar gebieten dy't it swierst rekke wurde troch de klimaattransysje. Mei dit Europeeske jild kinne Noard-Nederlânske ûndernimmers en kennisynstellingen oan ’e slach mei de transysje nei in fossylfrije ekonomy mei nije wurkgelegenheid. Dêrfoar binne ynnovative ideeën en tûke oplossingen nedich foar bygelyks skjinne brânstof, mar ek foar nije opliedingen en omskoalling. De provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân, de gemeente Emmen en de noardlike arbeidsmerkregio's wolle ûndernimmers graach helpe om ideeën fierder te bringen.

It JTF komt fuort út de Europeeske Green Deal, it programma foar in klimaatneutraal Europa yn 2050. Om dizze oergong yn Noard-Nederlân te berikken is 330 miljoen euro tasein.

Mear ynformaasje(eksterne keppeling)