In goed wurkjende arbeidsmerk is wichtich foar de takomst fan Fryslân. Foar it wolwêzen fan ynwenners, mar ek omdat wy alle hannen brûke moatte om ús ekonomy optimaal draaie te litten. Mar de Fryske arbeidsmerk stiet foar grutte útdagings:

  • de befolking fergrizet, ûntgrienet en krimpt. De fraach nei arbeid giet omheech en it oanbod sakket. Der binne hieltyd minder wurkjende minsken beskikber. Foar it earst is de krappe arbeidsmerk te fernimmen yn alle sektoaren en beropsklassen;
  • yn Fryslân steane mear minsken oan ’e kant as earne oars. Ien fan ’e oarsaken is dat yn ús provinsje it leech skoalle wêzen en it leech lettere wêzen sterker spylje as yn oare provinsjes;
  • grutte transysjes (digitalisearring, enerzjytransysje, sirkulêre ekonomy en positive sûnens) freegje om oare feardichheden, oar en ekstra wurk en dêrtroch oanpassings yn it ûnderwiis en by ûndernimmings. Dêr komt by dat fan ekstra minsken ferlet is foar it bouwen fan ekstra wennings.

Dêrom is it needsaaklik om derfoar te soargjen dat ús ynwenners op in linige wize yn te setten binne en warber wurde én bliuwe. In arbeidsmerk mei genôch goed oplaat en kwalifisearre personiel, dêr't elkenien dy't dêryn meidwaan wol, ek yn meidwaan kín.

It Ryk, de arbeidsmerkregio's en de ûnderwiis- en kennisynstellings moatte dêr mei-inoar foar yn ’t spier. De provinsje ferbynt partijen oaninoar, makket trends en ûntwikkelings ynsichtlik en pakt kânsen foar ynwenners, kennisynstellings, maatskiplike organisaasjes en bedriuwen, dêr wêr’t soks mar past. Op ’e ûndersteande siden fertelle wy mear oer de rol fan ’e provinsje en de projekten dêr’t wy yn behelle binne. De basis foar ús dwaan en litten is fêstlein yn it Beliedsbrief Ekonomy 2021-2025.

Sykje jo mear ynformaasje of sifers oer Human Capital yn Fryslân? Besjoch dan ús ynteraktive dashboards en factsheets. Besjoch bygelyks it Dashboard Arbeidsmarkt(eksterne keppeling) en de factsheet Werkgelegenheid(eksterne keppeling) oer de wurkgelegenheid yn Fryslân yn relaasje ta de lanlike wurkgelegenheid. It dashboard befettet ek ynformaasje oer it tal banen, sektor en ôfdielingen.