Om de Fryske ekonomy te stimulearjen ynvestearret de provinsje yn in krêftich en takomstbestindich MLB (Ned.: MKB), ûnder oare fia Ynbusiness, Founded yn Fryslân en Talint foar moarn. De provinsje fasilitearret en advisearret partners oer saken lykas:

  • ûntjouwings op ’e arbeidsmerk;
  • ûnderstypjen foar personiel by de grutte transysjes (digitalisearring, enerzjytransysje, sirkulêre ekonomy en positive sûnens);
  • mooglikheden foar libben lang ûntwikkelje;
  • stipe by fan-wurk-nei-wurk tsjinstferlienen.

Ynbusiness(eksterne keppeling) is in inisjatyf fan it bedriuwslibben, de provinsje, de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân en it Fryske heger en middelber beropsûnderwiis, mei-inoar ferbûn yn it Ynnovaasjepakt Fryslân (YPF). By Ynbusiness kinne ûndernimmers terjochte foar fragen oer it winnen, oplieden, omskoaljen en behâlden fan personiel.

Founded in Friesland(eksterne keppeling) hat as doel om it startup-klimaat yn Fryslân te fersterkjen, en dêrmei mear ûndernimmerskip yn ’e regio te kreëarjen. Mei in sterk regionaal startup-klimaat ûntstiet mear ynnovaasje en dynamyk yn ’e regio.

Yn it programma Talint foar moarn meitsje Fryske bedriuwen, oerheden en ûnderwiisynstellings wurk fan in fleksibele en warbere ekonomy. It doel is om ’e Fryske arbeidsmerk te fersterkjen, takomstbestindich te meitsjen en talint yn 'e regio te hâlden. Ynnovaasje Pakt Fryslân (YPF) wurket yn 2022 oan ’e kampanje en in digitaal platfoarm foar it programma.

Subsydzjemooglikheden

Ûndernimmers dy't ynnovearje wolle, ûntwikkelje en/of in libben lang leare wolle, binne by de Voucherregeling MLB-Fryslân oan it goede adres. Dy regeling jout finansjele stipe by it realisearjen fan dy aktiviteiten. De Voucherregeling wurdt útfierd troch it SNN. Mear ynformaasje is te finen op dizze side.

Wurknimmers en wurkjouwers yn ’e technyk kinne fia de noardlike subsydzjeregeling ‘Kânsen fersulverje foar fakmanskip’ subsydzje oanfreegje foar it winnen fan nij personiel, selsûntwikkeling, stipe by in nije baan of in nije baan yn ’e technyk, ynfra en bou. Mear ynformaasje oer dy subsydzjes is te finen op ’e webside fan Servicepunt Technyk Noard (SPT)(eksterne keppeling).