Dizze regeling is sletten!

Undernimmers dy’t ynnovearje, ûntwikkelje en/of libbenslang leare wolle, binne by de voucherregeling MKB Fryslân op it goede plak. Dy regeling biedt jo finansjele stipe by it realisearjen fan dy aktiviteiten. Fan 6 febrewaris 2023 9.00 oere ôf is de regeling wer oan te freegjen by it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN)(eksterne keppeling).

Tink derom: der is net foar alle subsidiabele aktiviteiten subsydzje oan te freegjen.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

De subsydzjeregeling hat as doel om ynnovaasje, bedriuwsûntwikkeling en/of strategysk HR by MKB ûndernimmers yn ‘e provinsje Fryslân te stimulearjen. Troch de regeling kinne jo as ûndernimmer finansjele stipe krije om jo bedriuw in ympuls te jaan. De provinsje besiket troch dizze regeling oan it Fryske MKB by te dragen, ûnder oare foar aktuele ûndernimmerstema’s, lykas it fergrutsjen fan de sirkulêre ekonomy, digitalisearring en it ynspyljen op de krapte op de arbeidsmerk.

Der kin subsydzje oanfrege wurde foar aktiviteiten dy't slagge op it trochûntwikkeljen fan de ûndernimming. Dat kin troch it ynhieren fan eksterne ekspertize foar it opstelle litten fan bygelyks in finansieringsplan, optimalisaasjeplan, bedriuwsplan, ynnovaasje-advys of in plan rjochte op strategysk HR. Fan ‘t jier binne der mear mooglikheden foar enerzjybesparring. Dêrneist is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar trajekten dy't slagge op strategyske ûndernimmersûntwikkeling. Yn 2023 is it, krekt as yn 2022, net mooglik om subsydzje oan te freegjen foar net-strategyske opliedingstrajekten.

Mear ynformaasje(eksterne keppeling) dêroer is te finen op de webside fan it SNN.

Subsydzjebedrach

It subsydzje bedraacht op syn meast 50% fan de subsidiabele kosten. Foar de aktiviteiten dy't slagge op de earste trije subsidiabele aktiviteiten (rjochte op it ynhieren fan eksterne ekspertize foar it opstellen fan plannen) jildt in maksimale subsydzje fan € 2.500. De maksimale subsydzje foar strategyske ûndernimmersûntwikkeling bedraacht € 5.000. It minimale subsydzje bedraacht yn alle gefallen € 500.

Subsydzje oanfreegje

De Voucherregeling wurdt troch it SNN útfierd. Jo fine op de webside fan it SNN (eksterne keppeling)fierdere ynformaasje oer de regeling en it oanfreegjen fan it subsydzje.

Fragen?

Fragen oer de regeling kinne jo oan it SNN stelle fia ondernemersregelingen@snn.eu of fia 050 - 522 49 08, op wurkdagen fan 8:30 - 17:00 oere. Foar ynhâldlike fragen op it mêd fan HR, ynnovaasje of bedriuwsûntwikkeling kinne jo ek by YnBusiness(eksterne keppeling) terjochte.