Trein hâldt wer op by stasjon It Hearrenfean IIsstadion ûnder reedrydwykeinen

Yn it NK Allround & Sprint (28 febrewaris en 1 maart) en it WK Allround & Sprint (5 o/m 8 maart) hâlde treinen wer stil by stasjon Hearrenfean IJsstadion. Besikers fan reedrydstadion Thialf kinne dêrtroch streekrjocht mei de trein nei it evenemint reizgje. 

It stasjon wurdt spesjaal foar dizze twa reedrydwykeinen opnij brûkt. Stasjon It Hearrenfean IIsstadion leit op rinôfstân fan Thialf en makket it mooglik om grutte oantallen besikers feilich en komfortabel te ferfieren.

Goede berikberens fan eveneminten 

De provinsje Fryslân wurket gear mei it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, NS, ProRail, gemeente Hearrenfean en Thialf oan in goede berikberens fan grutte eveneminten yn de regio. Troch ekstra gebrûk te meitsjen fan it iepenbier ferfier bliuwt de omjouwing better berikber en wurdt ferkearsdrokte om It Hearrenfean hinne beheind. De ynset fan it stasjon mei dizze eveneminten wurdt brûkt om ûnderfining op te dwaan mei duorsume reisoplossings foar drokbesochte eveneminten yn Fryslân. 

Reis grien 

Reizen mei de trein is in duorsum alternatyf foar de auto. Troch besikers gebrûk meitsje te litten fan it iepenbier ferfier nimt de útstjit fan COA ôf en bliuwt de berikberens fan de regio behâlden. Besikers fan de reedrydwedstriden wurdt dêrom oanret om mei de trein nei It Hearrenfean IIsstadion te reizgjen. 

Praktyske ynformaasje 

Treinen hâlde op by stasjon Hearrenfean IIsstadion ûnder: 

  • it NK Allround & Sprint
  • it WK Allround & Sprint 

Reizgers kinne harren reis planne fia de reisplanner fan NS of in oare OV-app. Sjoch dêrfoar op  www.ns.nl/uitgelicht/heerenveen-thialf.

Een rijdende trein die aankomt op station Heerenveen IJssstadion