Iepenbier ferfier

Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. Qbuzz fersoarget sûnt desimber 2024 it regionale busferfier yn Fryslân en op de Waadeilannen. Arriva fersoarget it regionale treinferfier yn Fryslân. De spoarferbining nei Zwolle en de Rânestêd wurdt fersoarge troch NS.
Treinferfier Fryslân
Foar in perioade fan 15 jier is de treinkonsesje gund oan Arriva. Dat betsjut dat sy it treinferfier fersoargje foar de ûndersteande linen oant en mei 2035.
Busferfier Fryslân
Per heal desimber 2024 is in nije konsesje begûn foar in perioade fan tsien jier. Oant mids desimber 2034 fersoarge Qbuzz it busferfier yn Fryslân.
Fryske Iepenbier Ferfier Monitor 2023
Mear ynformaasje
Foar ynformaasje oer it iepenbier ferfier yn Fryslân ferwize wy jo nei de webside fan Arriva