Fryslân ûnderweis - subsydzje
It ferbetterjen fan de berikberens fan Fryslân. Dat is wat de provinsje wichtich fynt!
Fryslân ûnderweis
Subsydzje Fan 3 novimber 2025 ôf kinne ferienings, stichtingen, koöperaasjes en tsjerkegenoatskippen subsydzje-oanfragen yntsjinje foar projekten dy't bydrage oan mobiliteit yn Fryslân. De provinsje Fryslân stelt hjirfoar 1 miljoen euro beskikber. Dit is ûnderdiel fan it programma Fryslân ûnderweis. Jo kinne 90% subsydzje oanfreegje mei in maksimaal oan te freegjen bedrach fan 70.000 euro. Allinnich folsleine oanfragen wurde yn behanneling nommen. Oanfragen wurde yn folchoarder fan binnenkomst beoardiele oant de subsydzjepot leech is. As jo oanfraach oanpast wurde moat, dan komt dizze oanfraach wer ûnder op'e steapel.
Foar it meitsjen fan it projektplan en it dwaan fan in oanfraach is help beskikber fia de provinsjale Streekkantoaren.
Utgongspunten subsydzjeregeling
Subsydzje kin jûn wurde foar lokale inisjativen dy’t op in duorsume wize in bydrage leverje oan it fergrutsjen fan de mobiliteit fan ynwenners fan de provinsje Fryslân. Kosten lykas de oanskaf fan in fier - of fartúch folslein op fossile brânstof of kosten foar ôfskriuwing komme net yn oanmerking foar subsydzje. Oanfragen befetsje in projektplan, begrutting en dekkingsplan. In oanfraach kin wegere wurde wannear't dy net foldocht de easken en toetst wurde sil oan de toetsingskritearia fan de regeling.
Jo projekt:
- Mei net stridich wêze mei de besteande iepenbier ferfier konsesje; • Is foldwaande takomstbestindich;
- Hat in breed draachflak en der wurdt gearwurke mei ferskate minsken en organisaasjes út it doarp of de regio;
- Wurdt op duorsume wize realisearre en yn stân holden;
- Makket gebrûk fan de Fryske taal of in streektaal.
Help en advys
Jo kinne kontakt opnimme mei it streekkantoar yn jo regio foar advys by it opstellen fan jo projektplan en foar help by it dwaan fan jo oanfraach:
- Belje of maile nei it streekkantoar yn jo omjouwing. Hjir sitte belutsen adviseurs om jo te helpen. Jo kinne ek jo projektidee oanmelde fia ûndersteande knop en dan nimt ien fan ús adviseurs kontakt mei jo op.
- Belje of maile nei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje.
Nei it oanmelden fan jo projektidee nimt ien fan ús projektadviseurs binnen in pear wurkdagen kontakt mei jo op om it idee mei jo te bepraten.
Tink derom: mei it oanmelden fan jo projektidee freegje jo gjin subsydzje oan.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier. It digitale oanfraachformulier kinne jo, sadree't it wer mooglik is om subsydzje oan te freegjen hjirûnder iepenje.
LINK FORMULIER BESKIKBAAR VANAF 3 NOVIMBER 2025 – 09.00 oere.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2 + (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
- In projektplan mei projektbegrutting – (it brûken fan dit format is ferplichte);
- De-minimis ferklearring
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
Hat jo stichting, feriening of koöperaasje gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach komt dan wol op namme fan de organisaasje, mar jo binne dan de machtige. Wol moatte jo dan in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade by jo oanfraach. As dit ek net slagget, kinne jo kontakt opnimme mei it streekkantoar yn jo regio.
Goed om te witten:
- Jo kinne net mear as 90% subsydzje oanfreegje. Jo moatte sjen litte hoe't de oare 10% fan it projekt finansierje sil.
- Nei it ûntfangen fan subsydzje moatte jo binnen 6 moanne úteinsette mei de aktiviteit.
- Mochten jo in ferfiersmiddel keapje? Dezen moat minimaal 5 jier ride / farre.
Projektekaart
Sykje jo foarbylden fan oare projekten, ynspiraasje foar jo eigen projekt of wolle jo jo eigen projekt pleatse? Klik dan op de ûndersteande knop.
Te brûken dokuminten
Jo kinne dizze dokuminten downloade en brûke foar jo subsydzje-oanfraach.
Dizze foarbylden kinne jo ynfolle yntsjinje by jo oanfraach. Dat kin yn it oanfraachformulier by de bylagen.
- Format projektplan mei begrutting (gebrûk fan dit format is ferplichte)
- Provinsje Fryslân-logo
- Format machtigingsformulier
Mear ynformaasje
- Regeling - fan 15 july ôf op oerheid.nl
- List mei foarbylden ‘hoe brûk ik Frysk of dialekt yn myn projekt’
- Algemiene subsydzjeoardering provinsje Fryslân 2022 | Lokale wet - en regeljouwing (oerheid. nl)
- Utfieringsregeling Asv provinsje Fryslân 2022 | Lokale wet - en regeljouwing (oerheid. nl) Reguliere
Buertbus of wykauto
Dêrnjonken biedt de provinsje Fryslân de mooglikheid om in oanfraach te dwaan foar in Buertbus of Wykauto. Besjoch hjirûnder foar mear ynformaasje. Meld hjir jo projektidee oan
Buertbus
De Buertbus is in lytse bus foar maksimaal acht persoanen en rydt in fêste rûte by ferskate haltes del neffens in fêste tsjinstregeling. Reizgers hoege dan ek net yn it foar te reservearjen. De sjauffeurs fan de Buertbus binne frijwilligers; elkenien dy't yn it besit is fan in regulier rydbewiis B kin in Buertbus bestjoere. Njonken sjauffeurs binne der ek frijwilligers nedich foar it meitsjen fan de planning/roasters.
Yn'e Buertbus kin betelle wurde mei de OV-chipkaart en OV-pay neffens it jildende OV-taryf. De opbringsten geane nei Qbuzz. De auto wurdt beskikber steld troch de ferfierder (Qbuzz). De ferfierder is dêrneist ûnder oare ferantwurdlik foar it ôfsluten fan needsaaklike fersekeringen, de brânstof en it fersoargjen fan foldwaande byskoalling of ekstra kursussen foar de frijwillige sjauffeurs.
Op dit stuit ride der fiif buertbuslinen yn Fryslân. Yn oerlis mei de ferfierder (Qbuzz) wurdt sjoen nei in geskikte rûte, sadat de Buurtbus goed oanslút op de reguliere buslinen. Hat jo doarp of stêd ynteresse yn in Buertbus? Dan kinne jo dêrfoar in projektidee yntsjinje by de provinsje troch te mailen nei provincie@fryslan.frl.
Elke buertbusferiening kriget alle jierren in subsydzje fan € 5.000 fan de provinsje om de feriening te stypjen.
Wykauto
De wykauto is in persoane-auto mei frijwillige sjauffeur, dy't ynwenners fan in wyk of doarp reservearje kinne. Foar in lytse fergoeding wurde ynwenners dan nei de bestimming yn in beheinde straal brocht (bygelyks: Wijkauto Westeinde nei bestimmingen binnen de stêd Ljouwert).
De auto wurdt beskikber steld troch de ferfierder(Qbuzz). De ferfierder is dêrneist ûnder oare ferantwurdlik foar it ôfsluten fan needsaaklike fersekeringen en foar de brânstof. Dêrfoar krijt Qbuzz in fergoeding fan de provinsje.
Der is in groep frijwilligers nedich dy't ynset wurde kinne as sjauffeur en foar it meitsjen fan de reservearringen en de roasters/planning. De ynkomsten dy't de auto opsmyt, meie troch de doarps - of wykautoferiening brûkt wurde foar oare ûnkosten of oare lokale inisjativen. Dêrneist krijt de doarps - of wykautoferiening in ienmalige startsubsydzje fan de provinsje om de earste kosten te dekken.
Hat jo doarp of wyk ynteresse yn in doarp - of wykauto? Dan kinne jo dêrfoar in oanfraach dwaan by de provinsje troch te mailen nei provincie@fryslan.frl.