Takenning subsydzje foar restauraasje 39 Fryske monuminten

Goed nijs foar eigeners fan 39 Fryske ryksmonuminten, gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen. Sy kinne yn 2026 oan ’e slach mei harren plannen foar ûnderhâld of restauraasje. Ien fan de gebouwen is ek it Badpaviljoen yn Hylpen, wêrfan't de finansiering sûnt ferline wike rûn is.

It giet om in bedrach fan mei-inoar €2,8 miljoen oan ryks- en provinsjaal jild. Dêrmei wurde 21 mûnen, 8 tsjerken en 10 ferskate oare objekten yn Fryslân restaurearre. Yn septimber kamen 52 oanfragen foar subsydzje yn. Dêr koene der 39 fan honorearre wurde.

Deputearre Eke Folkerts is wiis mei de ynset en oandacht foar de kommende restauraasjes. “As deputearre fan erfgoed bin ik optein dat wy dizze monuminten yn Fryslân mei it Ryk finansjeel stypje en oanpakke kinne. Wy moatte goed om ús erfgoed tinke. It erfgoed seit in soad oer de identiteit fan ús provinsje, it Ferhaal fan Fryslân. Boppedat hâldt it ús stêden en doarpen moai en leefber.”

Ek foar 2026 is der wer subsydzje foar monuminten beskikber, dy’t op dizze regeling lykje sil. Sjoch dêrfoar op: Subsidieregeling monumenten Fryslân | Fryslan

Park Huize Olterterp

In bysûnder projekt dat oanpakt wurdt mei dizze subsydzje is in grien ryksmonumint: Park Huize Olterterp. It park om it haadkantoar fan natuer- en lânskipsorganisaasje It Fryske Gea hinne is in ryksmonumint fanwege de bysûndere oanlis yn de lânskipsstyl. Nei alle gedachten hawwe túnarsjitekten Vlaskamp en Roodbaard yn ûnderskate tiidrekken it park foarmjûn. Bysûnder yn Park Huize Olterterp is it reliëf om de fiver hinne dêr't it wite lânhûs yn wjerspegelet.

Njonken it behâlden fan iuwenâlde beammen wurde der ek in soad nije beammen, sierstrûken en blombêden oanplante. Mei it opknappen fan de histoaryske, slingerjende kuierpaden falt der foar de besikers aanst wer folop te genietsjen fan de prachtige trochkykjes yn de tún.

Sjoch ek op: Ontdek Park Huize Olterterp | It Fryske Gea