Taal dy’t rekket, taal dy’t ferbynt: it befoarderjen fan it Frysk op’e wurkflier
De Fryske taal libbet: yn ús doarpen, op it sportfjild, yn de muzyk én gelokkich ek binnen ús organisaasje. Taal hat romte en oandacht nedich én minsken dy ’t har dêr mei folle oertsjûging foar ynsette. Lykas ús kollega's dy ’t wurkje oan de Wurkgroep Yntern Taalbelied.
Fryske wike by de provinsje Fryslân – 3 o/m 7 novimber 2025
De wurkgroep bestiet út sân kollega's út ferskate ûnderdielen fan de organisaasje en sy komme twamoanliks byinoar. Sy tinke nei oer hoe't we de Fryske taal binnen de organisaasje in natuerlik plak jaan kinne, sûnder dat it as in ferplichting fielt. “Krekt yn in meartalige organisaasje is it wichtich dat taal net skiedt, mar ferbynt, ” fertelt Gerwin van Dijk, belids– en organisaasjeadviseur by HR en lid fan de wurkgroep. “ Dat betsjut ek dat je as net-Frysksprekkende je wolkom fiele moatte. En oarsom: dat Frysktaligen harren frij fiele om harren taal te brûken.” Gerwin wit wêr't er it oer hat. Opgroeid yn Kampen en yntusken al mear as fiifentweintich jier wenjend yn Fryslân. “Ik ha 10 jier yn Frjentsjer wenne en dêr kennis makke mei it keatsen fia de PC. De dichtrigels op de PC-tuorren fan Baukje Wytsma sizze dan genôch: ‘Hjir is it keatsen, hjir rekket de bal it hert. De Fryske taal rekket my yn it hert. It is in rike en waarme taal dy't écht binnenkomt.”
Alles wat je oandacht jouwe groeit
De wurkgroep hâldt him dwaande mei konkrete aksjes, sichtberens fan de Fryske taal én bewustwurding. Fan it meitinken oer it taalgebrûk yn fakatuereteksten oant it Frysk op ynterne skermen sichtber meitsje. Lytse, symboalyske stappen dy't bydrage oan in grutter gehiel mei as doel om kollega’s te belûken en bewuste karren meitsje te litten as se hokker taal brûke. Ek krije alle kollega's de mooglikheid om yntern in Fryske taalkursus te folgjen. Dêrmei litte wy as organisaasje sjen dat wy de Fryske taal wichtich fine. Provinsje Fryslân en Frysk binne ûnskiedber mei-inoar ferbûn: “Frysk moat net fiele as ferplichting”, it giet benammen oer in positive hâlding oangeande it Frysk. Ek net-Friezen én Friezen dy't Nederlânsk as fiertaal brûke moatte harren fansels noflik én wolkom fiele by ús organisaasje. Mar elkenien snapt dat wy as provinsjale organisaasje ambassadeur binne fan it Frysk. En alles wat je oandacht jouwe groeit, sa is it ek mei de Fryske taal! "
Taal as ferbining
De ambysje fan de wurkgroep is helder: it Frysk libben hâlde yn de organisaasje, op in wize dy't bydraacht oan ferbining. Yn petearen mei ynwenners, yn projekten yn it fjild, by it KCC - oeral is taal in middel om tichteby te kommen. "En wat mear kollega's dêr op har eigen wize oan bydrage, wat sterker oft wy dêryn wurde", seit Gerwin. Oft er noch in tip hat hoe't wy dat oanpakke kinne? “ Linich mei it Frysk en Nederlânsk omgean, dat bringt ús taal fierder! En as wy fierder sjogge giet it ek oer oare talen. We binne ek ferbûn mei Europa en Wetsus is ek Fryslân en dêr is de fiertaal krekt Ingelsk. It is altyd sykjen nei in balâns, wannear skeakelest as Fries oer nei it Nederlânsk? It is tige fatsoenlik mar miskien net altyd nedich om dy te ‘ferbrekken’, dit kin foar in oar faaks juíst in drompel opsmite om Frysk werom te praten. Meitsje yn alle gefallen in bewuste kar ast hokker taal brûke wolst en begjin lyts. Brûk ris www.frysker.nl om in Fryske mail nei in kollega te stjoeren, besykje ris yn it Frysk te appen mei in kollega of meitsje notysjes yn it Frysk."