Suksesfolle pilot biedt perspektyf op strukturele treinstops by Thialf
De pilot mei in treinstop by stasjon Heerenvaan IJsstadion by it Daikin NK Allround & Sprint en it ISU WK Allround & Sprint 2026 is suksesfol ferrûn. By beide reedriderseveneminten hold NS twa kear yn beide rjochtingen stil by it stasjon, dat dêrmei nei goed tsien jier wer yn gebrûk naam waard. De resultaten biede perspektyf op in strukturele fuortsetting by takomstige eveneminten yn Thialf.
De pilot waard útfierd troch House of Sports, KNSB, it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, provinsje Fryslân, gemeente Hearrenfean, Thialf, NS en ProRail. It doel wie om Thialf duorsumer berikber te meitsjen, de parkeardruk yn omlizzende wiken te ferminderjen en te ûndersykjen oft in halte by eveneminten by stasjon Heerenveen IJsstadion struktureel ynset wurde kin.
Reizgers posityf oer pilot
De resultaten binne posityf. Gemiddeld reizge 12 persint fan de besikers fan en nei Thialf mei de trein. Dêrmei waard it foarôf stelde doel fan 10 oant 15 persint helle. Boppedat groeide it tal treinreizgers by it WK yn ferliking mei it NK. Besikers wurdearren de treinreis nei Thialf mei in gemiddeld sifer fan 4,6 op in skaal fan 5.
Steatssekretaris Annet Bertram (Ynfrastruktuer en Wettersteat): “De trein is een prachtige, duurzame manier om naar een topsportevenement zoals in Thialf te gaan. Daarom hebben we geholpen bij het tot stand brengen van deze samenwerking tussen decentrale overheden, vervoerders en organisatoren. De ervaringen van deze pilot bieden waardevolle inzichten voor andere evenementenlocaties in Nederland. Zeker nu Thialf een van de locaties van de Olympische Spelen van 2030 wordt. Dat is natuurlijk fantastisch.”
Matthijs de Vries, deputearre fan de provinsje Fryslân, jout oan dat besikers de trein nei Thialf goed wisten te finen. “Troch gear te wurkjen hawwe wy in duorsum alternatyf foar de auto biede kind. De resultaten jouwe betrouwen om yn ’e mande mei ús partners te ûndersykjen hoe’t wy dizze treinstop by eveneminten struktureel fuortsette kinne.”
Ek Avine Fokkens-Kelder, boargemaster fan de gemeente Hearrenfean, sjocht mei fertrouwen nei it ferfolch: “Een goede bereikbaarheid is essentieel voor Thialf en voor Heerenveen als Sportstad. Helemaal nu we vol trots gastlocatie zijn voor de Olympische Spelen van 2030. We willen bezoekers graag gastvrij ontvangen én de leefbaarheid in onze omgeving behouden. Het is daarom mooi dat deze pilot laat zien dat Thialf per trein goed en duurzaam bereikbaar is. Dat is winst voor onze bezoekers, omwonenden en Heerenveen als Sportstad.”
Luutzen Stellingwerff, regiodirekteur Noordoost fan NS: “Deze pilot laat zien dat de trein een volwaardig en aantrekkelijk alternatief is voor bezoekers van grote evenementen in Thialf. De ervaringen die we hier opdoen bieden waardevolle inzichten voor de toekomst, zeker met het oog op evenementen van internationaal niveau. Dit laat zien dat we samen klaar kunnen zijn voor duurzame bereikbaarheid van Thialf op Olympisch niveau.”
Kosten
De provinsje Fryslân, gemeente Hearrenfean en Thialf stiene finansjeel garant foar de pilot. Tsjinoer de ekstra kosten foar de ynset fan treinen en personiel stiene oanfoljende reizgersopbringsten. De pilot wie noch net folslein kostedekkend, mar der is seker perspektyf foar fierdere groei.
Ferfolch
De belutsen partijen binne yntusken mei-inoar yn petear oer in strukturele fuortsetting fan de treinstop by eveneminten yn Thialf. Dêrby wurdt sjoen nei mearjierrige ôfspraken, mei as doel om fan it winterseizoen 2026/2027 ôf wer gebrûk te meitsjen fan stasjon Heerenveen IJsstadion by grutte eveneminten.