Subsydzjeregeling werbestimme besteande gebouwen nei selsstannige wenromte Fryslân
Wa kin in subsydzje oanfreegje?
Om foar subsydzje yn oanmerking te kommen moatte jo de eigener wêze fan in besteand gebou of in part dêrfan dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt.
In eigener fan in gebou kin yn dizze iepenstellingstermyn mar ien kear subsydzje oanfreegje.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Fan 3 oktober 2025 oant en mei 29 desimber 2025 wurdt de subsydzjeregeling iepensteld.
Mei-inoar is der foar dizze regeling € 600.000,- beskikber steld.
It subsydzje hat ta doel om it jaan fan in nije bestimming oan besteande gebouwen yn ‘e provinsje Fryslân te stimulearjen, troch projekten te subsidiearjen dy’t liede ta de realisaasje fan nije selsstannige wenromte of flekswenromte.
Om foar in subsydzje yn oanmerking te kommen, wurdt yn alle gefallen oan de neikommende kritearia foldien:
- a. de aktiviteit dêr’t in subsydzje foar oanfrege wurdt, wurdt realisearre yn in besteand gebou dat yn de provinsje Fryslân leit;
- b. it besteande gebou of it part dêrfan, dêr’t de subsidiabele aktiviteit yn realisearre wurdt, hat fóár 1 jannewaris 2025:
- gjin wenbestimming; of
- in bestimming wêryn’t in wenfunksje tastien is, mits de oanfraach allinne slacht op it part fan it gebou dat noch net foar wenje bestimd is.
- c. it besteande gebou of it part dêrfan, dêr’t de subsidiabele aktiviteit yn realisearre wurdt, is op it stuit fan ûntfangst fan de oanfraach út boutechnysk eachpunt wei besjoen net geskikt foar bewenning;
- d. it dêrta foechhawwende bestjoersorgaan fan de oanbelangjende gemeente dêr’t it gebou yn leit, hat skriftlik ferklearre ree te wêzen meiwurking te ferlienen oan de transformaasje nei wenromte.
It is wichtich dat jo net foar 1 jannewaris 2025 begûn binne mei de feitlike bouwurksumheden.
Mear ynformaasje oer de betingsten dêr’t jo oan foldwaan moatte, kinne jo fine yn de regeling en de taljochting op ‘e regeling. Jo kinne de regeling en de taljochting fine fia de neikommende link (link regeling folget sa gau mooglik).
Subsydzjebedrach
It subsydzjebedrach bedraacht € 15.000,- de nij te realisearjen selsstannige wenromte of flekswenromte, mei in maksimum fan € 60.000 it gebou.
Link nei iepenstellingsbeslút: folget sa gau mooglik
Wêr?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it elektroanysk oanfraachformulier. Dêr hawwe jo eHerkenning nivo 2+ nedich.
It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.