Fryske gemeenten kinne fan 5 april 2024 ôf subsydzje oanfreegje foar in soartemanagementplan (SMP) en/of it realisearjen fan alternative ferbliuwplakken foar beskerme geboubewenjende diersoarten lykas flearmûzen en hússweltsjes.

  • De subsydzje foar in SMP kin fan 4 april 2024 oant 30 juny 2025 oanfrege wurde.
  • De subsydzje foar alternative ferbliuwplakken kin fan 5 april 2024 oant 30 juny 2027 oanfrege wurde. 

Foar beide aktiviteiten jildt dat de finansjele middels uterlik 31 desimber 2027 bestege wêze moatte.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

De provinsje Fryslân hat jild fan it Ryk ûntfongen fia de SPUK Versnelling natuurinclusief isoleren(eksterne keppeling). Dat is bedoeld om gemeenten finansjeel te stypjen by it opstellen en útfieren fan SMP’s en it realisearjen fan alternative ferbliuwplakken. Fia dy subsydzjeregeling stelle wy de middels beskikber oan de Fryske gemeenten.

Wichtich om te witten:

  • It SMP moat it hiele stedsk gebiet fan de gemeente omfetsje;
  • De subsydzje kin allinne oanfrege wurde foar aktiviteiten dy’t op of nei 1 jannewaris 2021 úteinset binne; 
  • Wy ferwachtsje fan jo dat jo de Hantrekken SMP brûke. Dy heart by it Fryske beliedskader Natuerfreonlik isolearjen ûnder it preSMP
  • It tal alternative ferbliuwplakken dat nedich is kinne jo bepale op basis fan it boppeneamde beliedskader en/of op basis fan de lanlike wurkwize natuerfreonlik isolearje, as dy fan krêft wurdt; 
  • Ekologyske ûndersyksgegevens moatte jo ynfiere yn de Nasjonale Databank Flora en Fauna (NDFF)(eksterne keppeling) 
  • We ferstrekke gjin subsydzje foar ynterne leankosten en omstannichheden.

Subsydzjeregeling(eksterne keppeling)

Natuerfreonlik isolearje mei in SMP 

De provinsje Fryslân makket gebrûk fan in metoade dy't it mooglik makket wenten op in natuerfreonlike wize te isolearjen. Dat kin mei help fan in soartemanagementplan (SMP ). Dêrmei kinne de Fryske gemeenten foar harren hiele gemeente in omjouwingsfergunning krije foar de floara- en fauna-aktiviteit. Weningeigeners kinne dêr gebrûk fan meitsje as se har wenning isolearje wolle. Se hoege dan net sels in ûndersyk útfiere te litten om te sjen oft der beskerme soarten yn harren wenning ferbliuwe. Mear ynformaasje oer natuerfreonlik isolearjen, hoe't it soartemanagementplan krekt wurket en it beliedsramt dy't dêrby hearre, binne te finen op de side Natuerfreonlik isolearjen.

Subsydzjebedrach

Subsydzje foar SMP’s

Foar de kosten dy't gearhingje mei in SMP is mei-inoar € 1.556.107,- beskikber. Yn de SPUK Versnelling natuurinclusief isoleren is der foar de SMP’s in maksimum bedrach de gemeente bepaald. Dy ferdieling fine jo hjirûnder.

Maksimum bedrach per gemeente

Namme gemeenteMaksimaal subsydzjebdrach
Gemeente Achtkarspelen € 145.828,-
Gemeente Ameland€   63.634,-
Gemeente Dantumadiel€ 113.418,-
Gemeente De Fryske Marren€ 229.891,-
Gemeente Harlingen€ 100.173,-
Gemeente Heerenveen€ 204.259,-
Gemeente Leeuwarden€ 426.376,-
Gemeente Noardeast-Fryslân€ 221.087,-
Gemeente Ooststellingwerf€ 144.036,-
Gemeente Opsterland€ 157.202,-
Gemeente Schiermonnikoog€   54.363,-
Gemeente Smallingerland€ 226.151,-
Gemeente Súdwest-Fryslân€ 361.011,-
Gemeente Terschelling€   68.698,-
Gemeente Tytsjerksteradiel€ 175.043,-
Gemeente Vlieland€   52.649,-
Gemeente Waadhoeke€ 227.554,-
Gemeente Weststellingwerf€ 140.841,-
Subsydzje foar alternative ferbliuwsplakken:

It totaal beskikbere bedrach foar alternative ferbliuwsplakken is € 332.086,80. Foar it realisearjen fan alternative ferbliuwplakken wurdt 100% fan de subsidiabele kosten fergoede. 

Foar sawol de SMP’s as de alternative ferbliuwplakken jildt dat der gjin subsydzje mear jûn wurdt as it subsydzjeplafond berikt is.

Wat is der nedich foar in subsydzjeoanfraach?

By it ynfoljen fan jo oanfraach hawwe jo yn alle gefallen de neikommende dokuminten nedich: 

  • In offerte
  • Projektplan (allinnich by in oanfraach foar in SMP) 
  • Slutende projektbegrutting (allinnich by in oanfraach foar in SMP) 
  • De berekkening foar it nedige tal alternative ferbliuwplakken (allinnich by in oanfraach foar alternative ferbliuwplakken) 

Yn de regeling stiet krekt wat der fan jo ferwachte wurdt.

Stappen foar it oanfreegjen fan subsydzje

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC(eksterne keppeling) nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier troch de wei fan Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen: 

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Ynfolje en ûndertekenje’ 
  3. Folje de antwurden yn 
  4. Print it formulier út 
  5. Undertekenje it formulier 
  6. Soargje derfoar dat alle befrege bylagen ek útprinte wurde 

Stjoer it ûndertekene formulier mei de bylagen de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs. Jo fine de adresgegevens op 'e foarside fan it oanfraachformulier. 

Mear ynformaasje en fragen 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.