Subsydzjeregeling gedrachsbeynfloeding ferkearsfeiligens Fryslân 2026-2040
Dizze subsydzjeregeling is foar ROF-partners, Fryske gemeenten en oare publykrjochtlike of privaatrjochtlike rjochtspersoanen.
Der binne twa ûnderdielen yn dizze regeling, nammentlik:
Paragraaf 2.1
Betreft it subsydzje foar in jierwurkplan, dan kinne jo it oanfraachformulier yntsjinje fan 1 desimber ôf fan it foargeande jier ôf dêr't it subsydzje op slacht en foar 1 july fan it oanbelangjende jier dat jo aktiviteit fan start giet.
Giet it subsydzje foar in projekt dan kin der oant 1 oktober fan it oanbelangjende jier in oanfraach yntsjinne wurde.
Partijen kinne subsydzje ûntfange foar:
In jierwurkplan mei ien of mear projekten dy't oerienstimme mei it ROF Wurkplan fan it oanbelangjende jier en dy:
- ynfolling jout oan de útfiering, of bydraacht oan it neamen ûnder kêst 2.1.1; of
- ynnovaasjes dy't yn positive sin ynfloed hawwe kinne op net of - en letselrisiko's fan kwetsbere ferkearsdielnimmers en it foarkommen fan risikogedrach yn it ferkear.
Aparte projekten dy't oerienstimme mei of oanslute it ROF Werkplan en dy:
- bydrage oan de oanpak rjochte op de neamde ûnder kêst 2.1.1. ; of
- ynnovaasjes stimulearje dy't yn positive sin ynfloed hawwe kinne op net of - en letselrisiko's fan kwetsbere ferkearsdielnimmers en it foarkommen fan risikogedrach yn it ferkear.
Subsydzjebedrach
De hichte fan de subsydzje komt oerien mei de bedraggen út it ROF wurkplan fan it oanbelangjende jier. It subsydzje bedraacht op syn heechst 100% fan de subsidiabele kosten.
Gjin subsydzje wurdt jûn foar kosten lykas neamd yn kêst 2.4 fan de Utfieringsregeling Asv provinsje Fryslân 2022 (UAsv 2022). Under oare:
- a. Unfoarsjoene kosten;
- b. Unspesifisearre kosten;
- c. Kosten dy't net streekrjocht oan de aktiviteiten ta te rekkenjen binne of reedlikerwize net nedich foar de útfiering dêrfan.
Foar leankosten, eigen arbeid, kosten eksternen / tredden en frijwilligersoeren jilde maksimaal subsidiabele oeretariven. Sjoch artikel 2.5 o/m 2.8 fan de UAsv 2022 foar de maksimum subsidiabele oeretariven.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier fan 1 desimber 2025 9.00 oere ôf. It digitale oanfraachformulier kinne jo, sadree't it mooglik is om subsydzje oan te freegjen, hjirûnder iepenje.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes)
- Projektplan (dêrfoar brûke jo it formulier fan de foaroanfraach)
- Begrutting (It projekt of jierwurkplan moat foar elk dielprojekt in slutende begrutting befetsje, wêrby't alle posten genôch spesifisearre binne. As der sprake is fan in jierwurkplan, moatte jo ek in folsleine begrutting fan it jierwurkplan bydrage).
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge).
Hat jo stichting, feriening of koöperaasje gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach komt dan wol op namme fan de organisaasje, mar jo binne dan de machtige. Wol moatte jo dan in machtigingsformulier en KfK úttreksel (en eventueel statuten) uploade by jo oanfraach.
Slagget it jo net it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it KCC telnr: 058 - 292 59 25 Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Paragraaf 2.2.
Ienkear oan te freegjen fan 1 desimber 2025 oant uterlik 31 desimber 2027.
Oanfreger:
Utslutend oan te freegjen troch gemeenten dy't it Frysk Manifest Ferkearsfeiligens 2021 -2040 ûndertekene hawwe.
Subsydzjebedrach
- De bydrage foar gemeenten is € 1, - de ynwenner (peildatum 01.01.2020; boarne oantal ynwenners: CBS) foar it útfieren fan in jierliks útfieringsplan ferkearsedukaasje, ûnder de betingst dat sy sels inselde bedrach beskikber stelle.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier fan 1 desimber 2025 9.00 oere ôf. It digitale oanfraachformulier kinne jo, sadree't it mooglik is om subsydzje oan te freegjen, hjirûnder iepenje.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar gemeente)
- Projektplan/behearplan + begrutting
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it KCC telnr: 058 - 292 59 25 Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
De link nei it digitale formulier wurdt fan 1 desimber 2025 ôf om 9:00 aktyf sadat jo fan dat momint ôf de oanfraach yntsjinje kinne.
It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
- Besjoch foar mear ynformaasje it ROF Werkplan 2026
- Lêze jo foar alle ynformaasje de subsidieregeling goed troch.