Subsydzjeregeling Funderingsûndersyk Frysk Feangreidegebiet

By dizze regeling wurdt per 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de status besjen. De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach. Fanwegen de oergong nei in nij subsydzjesysteem kinne jo jo subsydzjeoanfraach yntsjinje fan 1 oktober 2026 ôf. 

Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich:

  • eHerkenning mei:
    - feilichheidsnivo 2+;
    - de tsjinst 'Subsydzjeportaal'. of
  • DigiD 

Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Provincie Fryslân.

De subsydzje is foar eigener-bewenners fan wenningen en VvE’s yn it Feangreidegebiet mei mooglike fundearringsproblemen en ûndersyk útfiere litte oan de fundearring. Fia dizze postkoadechecker kinne jo kontrolearje oft jo yn it oanmerkjende gebiet wenje. De wenning moat boud wêze mei in boufergunning fan 1972 of earder. Dit kinne jo fia it kadaster kontrolearje.

De subsydzje kin oanfrege wurde fan 12 jannewaris 2024 oant 31 desimber 2029. Yn 2024 is der in subsydzjeplafond fan € 660.000. Fan 2025 ôf is der jierliks € 330.000, - beskikber.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

De subsydzjeregeling is bedoeld foar eigenaar-bewenners fan wenningen en VvE’s as temjittekomming yn de kosten foar it útfieren fan fundearringsûndersyk. It ûndersyk mei noch net plakfûn hawwe.

Let op: it fundearringsûndersyk moat útfierd wurde troch in buro op de KCAF erkenninglist.

It fundearringsûndersyk en it ûndersyksrapport moatte útfierd wurde neffens de KCAF-rjochtlinen. It ûndersyksrapport befettet in yntegrale beoardieling fan de fundearringskonstruksje neffens kêst 3.3 fan de KCAF-rjochtlinen.

Subsydzjebedrach

De subsydzje fergoedet 80% fan de makke kosten foar it útfieren fan fundearringsûndersyk, mei in maksimum fan € 4000 de wenning. Kinne jo oantoane dat jo yn 'e beneaming komme foar frijskatting fan gemeentlike/wetterskip belestingen? Dan bedraacht de subsydzje 100% fan de makke kosten, mei in maksimum fan € 7500.

Yntsjinjen oanfraach

By it ynfoljen fan jo oanfraach hawwe jo yn alle gefallen it neikommende dokumint nedich:

  • In troch in erkend ûndersyksburo tekene offerte fan 'e wenning;
  • Keapy bankôfskrift (as jo noch nea, of langer as twa jier lyn, in subsydzje fan Provinsje Fryslân krigen hawwe)..

Yn de regeling lêze jo hokker dokuminten jo ek meistjoere moatte.

Wêre?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it elektroanyske oanfraachformulier. 

It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.

Subsydzje oanfreegje

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl. Foar fragen oer fundearringsûndersyk kinne jo terjochte by ús fundearringsloket fia de mail info@funderingsloket.frl of funderingsloket.frl.

Tink derom: Dizze oanfraach tsjinje jo digitaal yn. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.