Subsydzje foar restauraasje dakken fan pleatsen is werom
Yn 2022 en 2023 wie der in suksesfolle subsydzjeregeling foar dakken fan pleatsen. Dat wie in ienfâldige regeling om dakken te restaurearjen of om dakbedekking lykas golfplaten te ferfangen troch bedekking mei reid of pannen. Dizze subsydzjemooglikheid is yn 2026 wer werom as in ûnderdiel fan de Subsydzjeregeling monuminten Fryslân.
Deputearre Eke Folkerts: “Us monumintale pleatsen spylje in grutte rol yn it ferhaal fan Fryslân en binne in part fan ús identiteit. De ferhalen oer dizze monuminten wolle wy libben hâlde, sjen litte en diele. Mei dizze oanpassings op de regeling tinke wy noch better projekten stypje te kinnen dy’t de monumintale pleatsen by de tiid hâlde.”
Pleatsen hawwe in bysûndere posysje yn it Fryske erfgoedbelied (Wurkplan Takomst Fryske Pleats). It promininte byld dat dakken fan pleatsen yn it lânskip ynnimt en de relatyf hege kosten foar de restauraasje dêrfan freegje om oandacht. De regeling foar dakken fan pleatsen stiet iepen foar sawol ryks- as gemeentlike monuminten. Jo kinne maksimaal €25.000,- subsydzje krije foar it opknappen fan ien of mear dakflakken.
Wat is der nedich foar it yntsjinjen
Foar de oanfraach fan in part fan it dak is dit de ynformaasje dy’t wy freegje:
in wurkomskriuwing;
in útwurke offerte;
by restauraasje fan it dak: in ynspeksjerapport fan de Monumintewacht;
én: mooglik is foar jo oanfraach in Omjouwingsfergunning nedich. Dy is oan te freegjen by jo gemeente.
Begjin dêrom op 'e tiid mei de oanfraach, dy't jo fan 14 - 18 septimber 2026 ynstjoere kinne.
Gruttere restauraasjes
Is jo pleats in ryksmonumint? Dan stiet foar in folsleine restauraasje fan it dak of pleats de reguliere subsydzjemooglikheid iepen, mei in heger maksimaal subsydzjebedrach. Foar gemeentlike monuminten kin ek in gruttere restauraasje oanfrege wurde foar maksimaal €25.000,-. It oanfreegjen dêrfan is krekt like ienfâldich is as dy foar it dak fan de pleats.
Foar mear ynformaasje sjoch op de webside fan de provinsje Fryslân, fia de boppesteande link. It oanfraachformulier fine jo dêr ek. In soad sukses!
By fragen steane wy foar jo klear.