Smellingerlân draacht Doortrappen-stokje oer oan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel

Under de 44ste Profronde fan Surhústerfean hat de gemeente Smellingerlân it stokje foar it Doortrappenseizoen symboalysk oerdroegen oan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Mei de oerdracht is de mienskiplike tarieding op it Doortrappenseizoen 2027 úteinset.

In fytshelm foarme by de oerdracht it symboalyske stokje. De boargemaster fan Smellingerlân joech de helm oan deputearre Abel Kooistra. Hy joech de helm dêrnei troch oan boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân en de wethâlder fan Dantumadiel. Ek deputearre Eke Folkerts wie út namme fan de provinsje Fryslân by it momint oanwêzich. De offisjele ôftraap fan it nije Doortrappenseizoen fynt plak op 21 april 2027. Op dy dei wurde ek alle Doortraprûtes yn Fryslân offisjeel iepene.

Feilich en mei wille fytse bliuwe

Doortrappen is in lanlik ferkearsfeiligensprogramma dat senioaren helpt om sa lang mooglik feilich, selsstannich en mei wille fytse te bliuwen. Yn Fryslân wurkje de provinsje en alle achttjin Fryske gemeenten dêrby gear fia it Regionaal Oargaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF).

“Fytse hâldt minsken sûn, mobyl en selsstannich. Tagelyk witte wy dat âldere fytsers kwetsberder binne yn it ferkear”, seit deputearre Eke Folkerts. “Mei Doortrappen helpe wy senioaren om feilich en mei fertrouwen fytse te bliuwen. Dat dogge wy tegearre mei alle Fryske gemeenten en ús útfieringspartners.”

Provinsjedekkend netwurk

Fan 2027 ôf hat Fryslân in provinsjedekkend netwurk fan likernôch 2.000 kilometer oan Doortraprûtes. Dizze rûtes binne spesjaal selektearre mei it each op feilich en noflik fytse. Dêrmei wurdt it foar âldere fytsers noch oantrekliker om deropút te gean en yn beweging te bliuwen.

De fytshelm stie by de oerdracht net foar neat sintraal. In helm kin by in fal de kâns op slim holle- en harsenletsel flink ferlytsje. De provinsje wol it dragen fan in fytshelm dêrom stimulearje en ynwenners helpe om bewuste keuzes te meitsjen oer harren eigen feiligens.

Oer Doortrappen

Doortrappen helpt âldere fytsers om sa lang mooglik feilich, selsstannich en mei wille fytse te bliuwen. It programma biedt ûnder oare fytsaktiviteiten, praktyske tips en feilige Doortraprûtes. Yn Fryslân wurkje de provinsje en alle achttjin Fryske gemeenten dêrby gear fia it Regionaal Oargaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF), tegearre mei útfieringspartners lykas de Fietsersbond en Veilig Verkeer Nederland.

Mear ynformaasje oer it programma, de aktiviteiten en de Doortraprûtes is te finen op www.doortrappen.frl.

Aan de linkerkant wordt de helm als symbool voor het Doortrapseizoen overgedragen. Aan de rechterkant fietsen wielrenners over de weg.
Symboalyske oerlanging fan de helm op poadium by profronde.