Reizgers posityf oer bus- en treinferfier yn Fryslân

Reizgers yn Fryslân wurdearje it regionale bus- en treinferfier yn 2025 mei in 7,8. Dêrmei leit de wurdearring yn line mei it lanlike gemiddelde. Dat docht bliken út de jierlikse OV-Klantenbarometer, dêr’t reizgers harren miening jouwe oer it iepenbier ferfier.

It regionale treinferfier yn Fryslân krijt yn 2025 in wurdearring fan 7,8 fan de reizgers. Dêrmei bliuwt de wurdearring ûnfermindere heech, mar leit dy wat leger as yn 2024 (7,9). Reizgers binne oer it algemien tefreden oer harren treinreis. Oandachtspunten binne de kâns op in sitplak, de kreazens fan de wein en it tal ritten deis.

Ek it busferfier yn Fryslân krijt in positive beoardieling. Op de Waadeilannen leit it rapportsifer op in 8,8. Dat is in stiging fan 0,3 yn ferliking mei it jier dêrfoar. Op de fêste wâl komt de wurdearring út op in 7,8. Reizgers op de Waadeilannen neame it tal ritten deis en de kâns op in sitplak as wichtichste ferbetterpunten. Op de fêste wâl giet it benammen om it tal ritten deis en de stiptheid fan de rit dêr’t ferbettering mooglik is, neffens de reizgers.

“De resultaten litte sjen dat reizgers oer it algemien tefreden binne oer it iepenbier ferfier yn Fryslân. Nei de muoisume konsesjewikseling yn it busferfier is dat in wichtige opstekker foar it busferfier yn ús provinsje. Tagelyk jouwe reizgers dúdlike oandachtspunten mei, lykas de frekwinsje en de kâns op in sitplak. Dêr bliuwe wy mei ferfierders Arriva (trein) en Qbuzz (bus) oan wurkjen,” seit deputearre Matthijs de Vries.

Bysûnderheden 2025

Yn 2025 is it iepenbier ferfier fierder wersteld nei eardere jierren mei personielstekoarten. Yn in protte gebieten is de tsjinstregeling wer útwreide. Dêrneist meitsje hieltyd mear reizgers gebrûk fan OVpay, wêrmei’t ienfâldich yn- en úttsjekke wurde kin mei in betelpas,mobile tillefoan en OV-pas.

Eftergrûn OV-Klantenbarometer

De OV-Klantenbarometer mjit jierliks de klanttefredenheid yn it iepenbier ferfier yn hiel Nederlân, ûnder oare op it mêd fan komfort, feilichheid, snelheid en gemak. It ûndersyk wurdt sûnt 2001 útfierd (mei útsûndering fan 2020) en de resultaten wurde alle jierren yn maart publisearre.