Regels foar guozzebehear

Guozzen binne beskerme bisten. Dat betsjut dat maatregels om skea of oerlêst foar te kommen allinnich ûnder betingsten tastien binne. Hokker maatregels mooglik binne, hinget ûnder oare ôf fan de guozzesoart, de lokaasje en de perioade fan it jier.

De útfiering fan it guozzebehear wurdt dien op basis fan it provinsjale belied en it Faunabehearplan Ganzen Fryslân. De provinsje ferlient hjirfoar ûntheffingen en fergunningen. De útfiering en koördinaasje lizze by de Faunabeheereenheid Fryslân (FBE Fryslân). 

Binne jo grûnbrûker, jager of útfierder en wolle jo witte hokker regels oft foar jo situaasje jilde of hokker tastimming oft nedich is? Sjoch dan op de webside fan de Faunabeheereenheid Fryslân. Dêr fine jo aktuele ynformaasje oer fergunningen, ûntheffingen, útfieringsregels en wurkynstruksjes. 

Foar fragen oer skea, taksaasjes en útbetellingen kinne jo terjochte op de webside van BIJ12. Dit is de mienskiplike útfieringsorganisaasje fan de provinsjes.

Meerdere grauwe ganzen in een weiland.