Promoasje Frysktalige boeken
Skriuwers, útjouwers en oaren mei doel oer it promoatsjen fan Frysktalige boeken kinne fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026 subsydzje oanfreegje. It subsydzjeplafond is € 15.000.
Hichte fan it subsydzje
De subsydzje bedraacht de subsidiabele kosten mei in maksimum fan (kêst 2.4.2a), en in maksimum fan € 3.000,- foar aktiviteit ûnderdiel fan de regeling (kêst 2.4.2b).
Kosten foar de útjefte fan in boek komme ûnder dizze regeling net yn ’e beneaming foar subsydzje. It giet ús benammen om de kosten dy’t jo meitsje foar it promoatsjen fan in Frysktalich boek of in searje Frysktalige boeken.
Betingsten
Besjoch earst oft jo oan de betingsten foldogge. De betingsten dy’t jilde, binne te finen yn paragraaf 2.4 fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân.
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes) of Digi-D;
- Projektplan dêr't it folgjende yn omskreaun wurdt:
- De promoasjeaktiviteiten
- Jo motivaasje om dizze aktiviteiten te organisearjen
- De resultaten dy’t jo ferwachtsje
- De ekstra publisiteit dy't jo ferwachtsje
- Jo ûnderfiningen mei it organisearjen fan promoasjeaktiviteiten
- De planning fan it tariedende wurk en de útfiering
- Gearwurking mei oare partijen - Spefisearre begrutting;
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
- By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om de oanfraach te ûndertekenjen (úttreksel KvK en evt statuten).
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy helpe jo fierder mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.