PolliConnect: yn aksje om de efterútgong fan bestowers tsjin te hâlden

De provinsje Fryslân nimt diel oan it Europeeske projekt PolliConnect. In transnasjonaal inisjatyf rjochte op it opknappen fan it bioferskaat, yn it bysûnder bestowers lykas bijen en flinters. Dit troch it ynsetten fan ekologysk oanpast behear. Dit projekt wurdt mei finansierd troch it Interreg North-West Europe programma en kombinearret wittenskip, technology en mienskipsaksje om de efterútgong fan bestowers tsjin te gean. 

Allemaal paarse en witte bloemetjes waar een hommel tussendoor vliegt.

Europa's reaksje op de efterútgong fan bestowers 

Noardwest-Europa wurdt konfrontearre mei in alarmearjende efterútgong fan it bioferskaat fan wylde bestowers. Dit foarmet in bedriging foar bioferskaat en bestowing fan planten, dêrûnder lânbougewaaksen.

Dit hat direkte gefolgen foar de stabiliteit fan ús ekosystemen, fiedselsekerheid en foar de klimaatbestindigens fan ús leefomjouwing. It PolliConnect-projekt stribbet dernei dizze trend om te kearen troch de ferbining tusken natuerlike leefgebieten te ferbetterjen en it ynrjochtsjen en behear foar ynsekten te optimalisearjen. Wy binne op syk nei praktyske oplossingen foar it ferbetterjen fan de omstannichheden foar bestowers en om dêr gear en yntegraal oan te wurkjen.

Haaddoelen fan it PolliConnect-projekt 

  • Ferheech de oantallen en diversiteit fan bestowers mei 20% yn pilotgebieten
  • Meitsje acht Living Labs yn seis Noardwest-Europeeske lannen, wêrûnder yn Fryslân
  • Untwikkel nije monitoaringsmetoades, lykas AI-oandreaun, automatisearre ynsektekamera’s
  • Ynspirearje en motivearje oerheden, boeren, boargers en oare partijen mei praktyske oanrikkemedaasjes foar bestower freonlike ynrjochting en behearmaatregels
  • Understypje en konkretisear beliedsûntwikkeling mei best practises

Wat docht de provinsje Fryslân binnen dit projekt? 

Yn'e mande mei oare partijen sille wy oan de slach mei pilots op fjouwer lokaasjes. Wy ûndersykje hokker maatregels oft de bestowende ynsekten helpe kinne en hoe't wy dy kennis mei oaren diele kinne. Lês hjirûnder hokker pilots oft der binne.

Biodivers Akkermozayk yn Sint-Anne

De earste PolliConnect pilotlokaasje leit eastlik fan Sint-Anne, op It Bilt. Yn dizze pilot ûndersykje wy hokker ynrjochtings- en behearmaatregels bestowers stypje kinne yn in iepen klaailânskip. Fan maitiid 2026 ôf wurde maatregels yn en om in Biodivers Akkermozaïek (BAM-akker) útfierd en monitoard. Bygelyks it telen fan bloeiende gewaaksen, maatregels út it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear, ekologysk meanbehear fan bermen en oanpassingen yn sleat-en wâlbehear. We wurkje gear mei oerheden, yndividuele agrariërs en it agrarysk kollektyf yn de regio. Wy diele de resultaten fan dizze pilot mei de buert, gemeenten, regionale en lanlike partners. Sa soargje wy derfoar dat ynsichten en praktyske behearadvizen ek beskikber binne foar oare gebieten. 

Uitzicht vanuit een tractor over de akker in Sint Anne.

Bedriuweterrein De Zwette

Op bedriuweterrein De Zwette, westlik fan Ljouwert, sjogge we hoe't de ynrjochting en it behear fan in bedriuweterrein helpe kin om de ferbining tusken stêd en plattelân te ferbetterjen foar bestowers. Wy treffe maatregels lykas de oanplant fan beammen, it siedzjen fan lânseigen blommen en it griener meitsjen fan rânen en parkearplakken. PolliConnect wurket gear mei de oerheden, natuerorganisaasjes, bedriuweferiening en ûndernimmers. Wy sette dêrby yn op it dielen fan kennis en it belûken fan ynwenners en ûndernimmers by dit ûndersyk (citizen science). Om sa de belutsenens en de impact te fergrutsjen en it grize terrein te fergrienen. 

Het bedrijventerrein de Zwette.

Nijdjip

Tusken de Natura 2000-gebieten Grutte Wielen en Alde Feanen fersterkje wy de wiete natuersône dy't de twa gebieten mei-inoar ferbynt. Yn ‘e mande mei (yndividuele) boeren, gemeenten, Wetterskip Fryslân en natuerorganisaasjes rjochtsje wy ús op it fergrutsjen fan de hoemannichte en it ferskaat oan wâlplanten en blommen. Ek stjoere wy op behear dat bestowers it hiele jier troch helpt. Troch goede foarbylden mei-inoar te dielen en ynwenners te belûken fia citizen science, wolle wy in trochrinnende griene ferbining meitsje dy't de trek en oerwintering fan bestowers stipet. 

Het land Nijdjip dat voor grote delen onder water staat.

Drents-Friese Wold en Fochtelerfean

Yn it gebiet om it Drents-Friese Wold en Fochtelerfean hinne wurkje wy mei in grutte groep gebietspartijen oan gaadlik leefgebiet en goede ferbiningen foar bestowers. Wy sjogge nei maatregels lykas oanpast meanbehear fan bermen, it oanlizzen fan lânskipseleminten en goede ôfstimming mei bewenners, oerheden, terreinbehearders en it agrarysk kollektyf. Lêzingen, workshops en it belûken fan ynwenners helpe om kennis te dielen en it draachflak te fergrutsjen.

PolliConnect soarget foar praktyske kennis út de praktyk, fergruttet de lokale belutsenheid en helpt om suksesfolle maatregels ek yn oare parten fan Fryslân en dêrbûten tapasse te kinnen. De earste gearkomsten mei de belutsen partijen leveren al goede ideeën en nije gearwurkingen op. Se soargen ek foar ynspiraasje en ferfolchaksjes. De provinsje Fryslân koördinearret it projekt en dielt de fuortgong en resultaten breed mei partners en mei it publyk.

Het landschap Drents-Friese Wold, een groen weiland geflankeerd door bomen.

Ynterregionale gearwurking en PolliConnect-partners 

It projekt wurdt koördinearre troch de Vlaamse Landmaatschappij (VLM) yn België en omfiemet fjirtjin partners út fiif lannen: 

  • België: Vlaamse Landmaatschappij (VLM); Brussels Environment; Universiteit Gent; Provincie West-Vlaanderen
  • Ierland: Ballyhoura Development CLG
  • Duitsland: Ministerie voor Milieu, Klimaat en Wetenschap - Freie Hansestadt Bremen; INOVA DE
  • Frankrijk: Departement Pas-de-Calais; PLANETE Groenten, Bloemen en Planten; EFREI université de Paris
  • Nederland: Naturalis Biodiversity Center; Provincie Fryslân; Gemeente Middelburg
Paarse bloemen waar een hommel tussen door vliegt.

Ferwachte ympakt yn de kommende jierren

Yn 54 moanne sil PolliConnect praktyske oplossings ûntwikkelje om leefgebieten te herstellen en bestowerrpopulaasjes te fergrutsjen. Dy aksjes sille nei ferwachting bydrage oan in duorsumere en ferbûne takomst, mei direkte ympakt op mienskippen, skoallen, boeren en lokale oerheden. It projekt begûn yn 2025 en sil mids 2029 ôfrûne wurde. It hat in folslein budzjet fan € 7,1 miljoen, dêr’t € 4,1 miljoen fan finansiere wurdt troch it Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkeling (EFRO) fia it Ynterreg North-West Europe programma.

Logo waar met blauwe letters Interreg, North-West Europe op staat. In groene letters PolliConnect.