Nije eksamenprogramma’s Fryske taal en kultuer hast klear

Der wurdt wurke oan nije eksamenprogramma's (eintermen) Fryske taal en kultuer. Dit skoaljier hawwe 8 skoallen de konsept-eksamenprogramma's foar tmbû-bb, - kb, - gl/tl, hafû en twû en de 3 byhearrende konsept-syllabussen foar tmbû-gl/tl, hafû en twû test. Tongersdei 9 april waard de testfaze ôfsletten mei in slotgearkomste yn it Provinsjehûs. Ferwachte wurdt dat de nije eksamenprogramma's op 1 septimber 2028 yngean sille. 

By de gearkomste wiene dosinten Frysk en meiwurkers fan SLO, College van Toetsing en Examen (CvTE), Cito en Taalplan Frysk 2030-partners lykas Afûk en Cedin oanwêzich. Sy bepraten de resultaten fan de testfaze. Deputearre Eke Folkerts krige in pompeblêd oerlange dêr't winsken op skreaun binne dy't der oan bydrage dat de eintermen goed ymplemintearre wurde kinne. 

Deputearre Eke Folkerts: “Wy fine it wichtich dat de eksamenprogramma's goed oanslute op ús nije kearndoelen en ús ambysjes op it mêd fan Frysk yn it ûnderwiis. Mei Taalplan Frysk 2030 sette wy graach de skouders derûnder om mei de dosinten de nije eintermen op alle skoallen in plak te jaan.”

Idske Bangma, dosint Fryske taal en kultuer CSG Anna Maria Schurman yn Frjentsjer en wurksum foar it SLO: “It is de slotdei, mar it fielt as in nij begjin. Der leit aanst in prachtich eksamenprogramma, dêr't wy as dosinten Frysk hiel entûsjast oer binne. Us learlingen fertsjinje in goed oanbod Fryske taal en kultuer en de eintermen slute by de belibbingswrâld oan.” 

Nije ynhâlden 

De nije eksamenprogramma’s wurde op alle skoalsoarten ferspraat. Op tmbû-bb/kb waard it fak oant ferline jier noch net oanbean. Sûnt augustus 2025 folgje lykwols mear as 50 learlingen it fak op tmbû-bb/kb yn learjier 3. Dy learlingen binne úteinset mei de nije programma’s en oefenje taalfeardichheden yn beropsrjochte konteksten, dogge kulturele ûnderfinings op en leare oer Frysk erfgoed yn harren eigen omkriten. Yn tmbû-bb/kb wurdt it fak mei skoaleksamens ôfsletten. Tmbû-gl/tl, hafû en twû kenne njonken de skoaleksamens sintrale eksamens. Dêrfoar hat de syllabuskommisje nije spesifikaasjes ûntwikkele. Yn de nije eksamenprogramma’s Fryske taal en kultuer is mear omtinken kommen foar kommunikative feardichheden, ynteraksje, kultureel erfgoed en kennis oer taal. 

Oplevering oan ministearje fan OCW 

SLO sil yn de kommende perioade de feedback fan dizze slotgearkomste ferwurkje. Binne de programma's en syllabussen begryplik, brûkber, helber en wat is der nedich om de nije ynhâlden goed lânje te litten yn de skoalle en yn de klasse? Yn in trijedaagse ein maaie sil SLO alle sammele feedback weagje, en wêr’t dat nedich is de programma's en syllabussen bystelle. Op 1 septimber leveret SLO de definitive konsept-eksamenprogramma’s en -syllabussen Fryske taal en kultuer foar tmbû, hafû en twû op oan it ministearje fan OCW. Skoallen kinne fan septimber 2026 ôf dus al daliks oan de slach mei de ynhâlden út de nije eksamenprogramma’s en syllabussen. Beëage ynfiering yn learjier 3 tmbû en learjier 4 hafû-twû is skoaljier 2028-2029. 

Taalplan Frysk 2030 

Mei Taalplan Frysk 2030 wol de provinsje alle bern yn Fryslân in kâns biede om (oer) de Fryske taal en kultuer te learen en te brûken. Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en berne-opfanglokaasjes. 

Foar it fuortset ûnderwiis binne der twa ambysjes: uterlik yn 2030 moat it fak Frysk yn de ûnderbou op foldwaande nivo oanbean wurde, dus neffens de fernijde kearndoelen dy't Provinsjale Steaten koartlyn fêststelden. En uterlik yn 2030 moatte alle learlingen yn Fryslân yn alle gefallen de mooglikheid hawwe om Fryske taal en kultuer as eksamenfak kieze te kinnen. Dit skoaljier skreaune 200 learlingen harren foar it eksamen yn, noch nea earder sûnt de ynfiering fan de mooglikheid ta Frysk as eksamenfak (1974) wie der safolle ynteresse. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking tusken de provinsje en taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Rijksuniversiteit Groningen, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko en SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. Mear ynfo: www.taalplan.frl.