N392 Jobbegea - Skuorregea

Dizze simmer fiere wy ûnderhâld út oan de provinsjale dyk N392 tusken Jobbegea en Skuorregea. De dyk krijt nij asfalt en dêrnjonken wurdt dit diel fan de dyk ôfwurdearre fan 80 km/oere nei 60 km/oere. Dat betsjut dat de markearring op de dyk foar in part oanpast wurdt (op guon stikken gjin asstreep, op oare stikken grize kantstrepen).

Wannear geane wy los? 

De wurksumheden fiere wy út fan moandei 22 juny oant en mei freed 10 july 2026 (wike 26 o/m 28). De rotonde by de Hendrik de Voswei yn Jobbegea bliuwt yn dizze perioade iepen. De N392 sels is yn de hiele útfieringsperioade dei en nacht ôfsletten foar al it ferkear. Hjirûnder fine jo in omliedingsrûtekaart en detailkaart.

Kaart waarop de omleiding en de stremming op aangegeven wordt.

Iepenbier ferfier

Under de wurksumheden rydt it iepenbier ferfier fia in alternative rûte. Sjoch foar it meast aktuele reisadvys op www.qbuzz.nl foardat jo fuortgeane.

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Jo kinne telefoanysk kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl